Springe nei ynhâld

Heinrich Gätke

Ut Wikipedy
Heinrich Gätke
Skilderij fan Gätke (1838)

Heinrich Gätke (Pritzwalk, 19 maaie as 19 maart 1814 - Helgolân, 1 jannewaris 1897) wie in Dútsk ornitolooch en keunstskilder.

Hy wie de soan fan in bakker dy't yn Berlyn in hannelsoplieding folge, mar leaver skilder waard. Yn 1837 reizge er foar it earst nei Helgolân. Yn 1841 sette er him nei wenjen op dat eilân en fan 1843 bestudearre er de fûgels dêre. Hy studearre ornitology, as autodidakt, en makke in fûgelsamling. Yn 1891 waard der in obserfaasjestasjon op Helgolân set. Gätke syn fûgelkolleksje waard kocht troch de Prusyske regearing foar it Noardseemuseum op it eilân. It grutste part fan de samling gie yn 1944 ferlern by in bombardemint. It oerbliuwend part is te besjen yn it Wattenmeerhaus fan it Ynstitút foar Fûgelstúdzje yn Wilhelmshaven.

  • Die Vogelwarte Helgoland, útj. Rudolf Blasius, 1891
  • Bairlein F, Hüppop O (1997): Heinrich Gätke - sein ornithologisches Werk heute. Vogelwarte 39: 3-13.
  • Haubitz B (1997): Heinrich Gätke (1814-1897) in der Literatur und in der bildenden Kunst des neunzehnten Jahrhunderts. Vogelwarte 39: 14-33.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]