Springe nei ynhâld

Hein van der Burg

Ut Wikipedy

Heinrich Johann Christian Wilhelm (Hein) van der Burg (Amsterdam, 1882 - 1955) wie de earste Nederlanner dy't in fleantúch fan eigen ûntwerp boude en fleach.

Heinrich van der Burg waard yn 1906 Nederlânsk kampioen motorhurdriden. Yn 1910 sette er út ein mei de bou fan it tastel, ynspirearre op de Blériot, op 'e souder by syn âldelju yn Amsterdam. Letter gie er nei De Haach en nei in soad muoite fleach it tastel, as earste yn Nederlân boud, op 8 febrewaris 1911 op it fleankamp Ede. Letter hat er dêr noch mear demonstraasjes jûn.

Heinrich van der Burg waard dêrnei direkteur fan de earste fleanskoalle yn Nederlân, de Vliegschool Molenheide yn Gilze en Rijen yn 1909 opjochte troch de Eerste Nederlandsche Vliegvereeniging. Ek dêr makke er sa'n fjouwer Blériot-eftige fleanmasines.

Doe't er yn 1914 boaske oan de tsien jier jongere Aaltje Janzen fan Meppel moast er syn "gefaarlike" hobby opjaan. De ynboel fan de fleanskoalle waard doe opkocht troch Joop Carley en ferhuze nei Ede.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vliegtuigbouw in Fokkers schaduw - Harm J. Hazewinkel, útj. Rebo Prod., ISBN 90-366-0348-X
  • De Nederlandse vliegtuigen - Theo Wesselink, Thijs Postma, útj. Romen, ISBN 9022837920