Springe nei ynhâld

Heidelberchske Kategismus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heidelberger Kategismus)
Utjefte fan de Heidelberchske Kategismus (1563)

De Heidelberchske Kategismus of Heidelberger Kategismus is ien fan de belidenisgeskriften, dy't troch tsjerken mei in kalvinistyske sinjatuer brûkt wurde as útdrukking fan it kristlik leauwen. Tegearre mei de Nederlânske geloofsbelidenis en de Doardtske learregels foarmet de Heidelberchske Kategismus de Trije Formulieren fan Ienheid, dy't as doel hawwe om de ienheid fan it leauwen te bewarjen.

De Heidelberchske Kategismus ûntstie yn de tiid fan de reformaasje en waard op inisjatyf fan de grifformearde Paltser karfoarst Frederik III skreaun. De wichtichste skriuwers fan de kategismus wiene de heechleraar Zacharias Ursinus (1534-1583) en Caspar Olevianus (1536-1587). De oanlieding fan it skriuwen fan de kategismus wiene de ferskillende ynsichten oer it wêzen en de posysje fan it Hillich Jûnsmiel. De kategismus moast mear ienheid bringe en waard foar it earst yn it jier 1563 yn de stêd Heidelberch ûnder de titel "Catechismus oder christlicher Vnderricht, wie der in Kirchen vnd Schulen der Churfürstlichen Pfaltz getrieben wirdt" útjûn. Yn de earste printinge fan dit lear- en ûnderrjochtsboek foar tsjerke en skoalle stiene 128, doe noch net nûmere, fragen mei antwurden oer de lear. Al gau folge in twadde printinge mei 129 fragen en antwurden. Yn dy twadde útjefte waard op fersyk fan Olevianus fraach 80 oer it ûnderskied tusken it Jûnsmiel fan de Heare en de Paapske mis tafoege. By in tredde werprintinge waard dy katolike mis as in ferflokte ôfgoaderij omskreaun. Noch yn itselde jier folge in fjirde printinge, dy't yn augustus 1563 ûnderdiel waard fan de tsjerkeoarder fan de Palts. Dy foarm, wêryn't de fragen ferdield wurde oer de 52 sneinen fan it jier, wurdt as de offisjele tekst fan de Heidelberchske Kategismus beskôge.

Net alle protestanten koene de inisjatyf fan Frederik III wurdearje. Lutherske hertogen klaagden Frederik III by keizer Maksimilaan II oan en beskuldigen de karfoarst der fan dat hy him net oan de Augsburgske Belidenis hold. Op de Ryksdei fan Augsburg drige de keizer Frederik mei de ryksban as er de tsjerklike feroaringen net ynlûke woe. Mar Frederik III bleau trou oan syn leauwen en om't in mearderheid fan de foarsten op de ryksdei tsjin syn útsluting wiene, koe keizer Maksimiliaan II it drigemint net útfiere. De stipe fan de foarsten foar Frederik III hie benammen te meitsjen mei de rykdom en de wichtige posysje fan Kar-Palts yn it Hillige Roomske Ryk. Om't de ryksban net útfierd wurde koe, hie Frederik III de frije hân om syn reformaasje fierder troch te setten.

Oersetting yn it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Heidelberchske Kategismus waard yn 40 talen oerset en fûn oant hjoeddedei in fersprieding oer de hiele wrâld, benammen yn dy lannen dêr't it kalvinisme sterk woartele, lykas yn Switserlân, Hongarije en Nederlân. Yn 1563 folge ûnder de titel "Catechismus ofte onderwijsinghe in de christelicke leere, gelijck in die kercken ende scholen der cheur vorstelicken Paltz geleert wert" de troch Gilles van der Erven Nederlânsktalige oersetting fan de twadde printinge fan de kategismus. Petrus Datheen fersoarge de oersetting fan de tredde printinge, dy't by syn Psalmberiming fan 1566 waard opnommen.

Tapassing fan de Heidelberchske Kategismus yn de Nederlânske tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Heidelberchske Kategismus waard gau ferspraat ûnder grutte gebieten. Ek de Nederlânske flechtlingengemeente fan Frankenthal naam de kategismus oan. Yn 1568 kamen meardere ôffurdigen fan Nederlânske flechtlinggemeenten gear yn de hanzestêd Wesel. De ôffurdiging fan Frankenthal stelde dêr foar de kategismus ek yn Nederlân te brûken. De dêr nommen besluten sette oant hjoeddedei it stimpel op de tsjerkeoarder fan de kalvinistyske tsjerken yn Nederlân. Yn oktober 1571 naam de Synoade fan Emden dat útstel oan en om't dêr ek ôffurdigingen wiene út it Nederryngebiet waard ek dêr de Heidelberchske Kategismus ynfierd.

Yn 1618 oant 1619 hold de Synoade fan Doardt him dwaande mei de Heidelbergske Kategismus en stelde doe fêst dat tenei alle predikanten en heechleraren fan de teologyske kolleezjes de Heidelberchske Kategismus moasten ûnderskriuwe. Ek joech de synoade foarskriften oer it gebrûk fan de kategismus en it tafersjoch op it hanthavenjen. De Heidelberchske Kategismus waard in rjochtline foar it grifformearde folksdiel.

Hjoeddedei wurdt de Heidelberchske Kategismus noch jimmeroan troch guon tsjerken by it fraachlearen brûkt. Ek wurdt der yn benammen otterdoksere rûnten noch altiten yn de middeistsjint út de Kategismus preke. Dit barde nei alle gedachten foar it earst troch de Amsterdamske predikant Petrus Gabriel. De Noard-Hollânske synoade fan Alkmaar stelde dit letter as in gebrûk yn. Oare provinsjale synoades folgen it foarbyld fan Noard-Hollân om tenei de middeispreek oer in ûnderwerp út de Kategismus te hâlden.[1]

Yn 2013 waarden op ferskate plakken yn Nederlân en it bûtenlân it 450 jierrich jubileum fan de Heidelberchske Kategismus fierd[2] Ek binne der yn it jubileumjier meardere boeken oer de Heidelberchske Kategismus útjûn.

De Heidelberchske Katechismus bestiet út 129 fragen en antwurden en behannelt trije ferskillende ûnderwerpen. De antwurden op de fragen binne ûntliend oan de Skrift. De ûnderwerpen binne ferdield oer 52 sneinen.

Snein Fraach & antwurd Underwerp
1 1-2 Ynlieding: de iennige treast
Earste diel
2 - 4 3 - 11 De illinde fan de mins (kennis fan de sûnde)
Twadde diel
5 - 31 12 - 85 De ferlossing fan de mins (kennis fan de ferlossing)
9 - 10 26 - 28 God de Heit en ús skepping
11 - 19 29 - 52 God de Soan en ús ferlossing
20 - 24 53 - 64 God de Hillige Geast
25 - 31 65 - 85 Wurd en sakraminten
26 - 27 69 - 74 De Hillige Doop
28 - 31 75 - 85 It Hillich Jûnsmiel
Tredde diel
32 - 52 86 - 129 Fan de tankberens dy't wy ferskuldige binne foar de ferlossing
34 - 44 92 - 115 De Wet fan de Heare
45 - 52 116 - 129 It gebed

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Heidelberger Katechismus


  1. Ja en Amen (Een historische toelichting op de onderdelen van het Gereformeerd Kerkboek), G. van Rongen
  2. Reformatorisch Dagblad, 17-01-2013