Heerke Ates Visser
Heerke Ates Visser (Ikkerwâld, 21 juny 1896 - dêre, 15 novimber 1968) wie in weintsjer yn Ikkerwâld.
Hy troude op 17 maaie 1923 mei Antje Haakma, in dochter fan Sybren Haakma en Aafke de Vries. Krektas syn heit en pake wie Heerke Ates Visser weinmakker yn Ikkerwâld. As doarpsman wie Heerke aktyf yn meardere ferienings en faak as bestjoerslid.It wie in sekuer en 'tûk' man. Hy wie op 10 oktober 1946 mei-oprjochter fan Doarpsbelang Ikkerwâld. Hy hearde ta it earste bestjoer en bleau bestjoerslid oant syn ferstjerren. Fierders wied er bestjoerslid fan de kristlik nasjonale skoalle oan de Foarwei en lid fan de tsjerkerie fan de Kristlik Grifformearde tsjerke fan Moarmwâld. Earst as diaken en letter in perioade âlderling en bytiden as 'preeklêzer'. Boppedat wie hy ponghâlder fan de begraffenisferiening yn Ikkerwâld. De húshâlding Visser-Haakma wenne letter yn de wente Foarwei 99, dat Heerke Ates Visser sette litten hat. Nei him is letter in strjitte yn Damwâld neamd.