Springe nei ynhâld

Heeren Zeventien (polityk)

Ut Wikipedy

De Heeren Zeventien wie in groep fan Nederlânske bestjoerders dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ynternearre wiene yn it kamp Sint-Michielsgestel.

Yn juny, septimber en oktober 1940 setten de nazi's in grut tal foaroansteande Nederlanners fêst. Harren gizeling wie in reaksje op de finzennimming fan Dútsers yn Nederlânsk-Ynje. De troch de nazi's oppakte minsken waarden dêrom de 'Yndyske gizelers' neamd.

Ynearsten rjochten de gizelers in stúdzjegroep besteande út 50 persoanen op dy't neitocht oer de polityk nei de oarloch. De stúdzjegroep late lykwols net ta de winske resultaten en it ferlet ûntstie om yn in lytser selskip djipper op de saken yn te gean. Der waard dêrom, neist de sosjologyske stúdzjegroep, in nije groep oprjochte. Fan july 1942 ôf kaam dy groep fan santjin manlju byinoar as de Heeren Zeventien (ferneamd nei de Heeren Zeventien yn de tiid fan de VOC).

Fertsjintwurdigers fan de ferskate politike partijen wiene fertsjintwurdige, wêrûnder Willem Banning en Van der Goes van Naters (SDAP), Einthoven (Nederlandsche Unie), Wim Schermerhorn (VDB), Struycken (RKSP), Okma (ARP), Piet Lieftinck (CHU) en Von Balluseck (Liberale Steatspartij) wiene. Ek de histoarikus Pieter Geijl hearde ta de Heeren Zeventien. De measten hiene foar de oarloch mar in ûndergeskikte rol spile yn de polityk. Se wiene yn it generaal jonger as de foaroansteande lieders fan foar de besetting. Hja stiene allegearre kritysk foar it foaroarlochske politike bestel oer. De besprekkingen fan de Heeren Zeventien wiene fertroulik. Der waard praat oer de politike takomst fan Nederlân en oer de te ferwachtsjen problemen.

Tsjinstellingen en splitsing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it begjin ôf die lykwols al bliken dat de Heeren Zeventien yntern ferdield wiene. Foarsitter Schermerhorn fûn dat der nei de oarloch in kristlike steat opboud wurde moast. It fannijs oplibjen fan it kristlik leauwe yn de oarloch mocht net ferlern gean. De net-kristenen soene de superioriteit fan it kristendom ferstanlik oannimme moatte. Van der Goes en Geijl fersette harren hjir fûl tsjin. Geijl wegere te erkennen dat allinne yn it kristendom in boarch tsjin it nasjonaalsosjalisme te finen wie.

De ferkate opfettings oer de nei-oarlochske fernijing blieken net te oerbrêgjen en dêrom besleat in tal dielnimmers in aparte petearrûnte te foarmjen. De fêste kearn fan dy rûnte waard foarme troch Banning, Schermerhorn, Lieftinck en Einthoven. Ein augustus 1942 kaam de groep foar it earst byinoar. Yn jannewaris 1943 diene ek Jan de Quay en Hendrik Kraemer mei. De bedoeling wie om mei in mienskiplik opsteld manifest nei bûten te kommen en in programma op te stellen foar in brede folksbeweging. Ta tarieding dêrfan stelden de dielnimmers in tal nota’s op dy 't wiidweidich mei elkoar besprutsen waarden. De ynhâld fan dy nota’s foarmen de basis fan it lettere program fan de Nederlandse Volksbeweging (NVB) werjûn yn harren útjefte Program en Toelichting van de Nederlandse Volksbeweging.

Unfolsleine list fan nammen fan de Heeren Zeventien en de perioade fan harren ferbliuw yn kamp Sint-Michielsgestel:

  • J.C.H. Blom et al.: De gijzelaars van St.Michielsgestel en Haaren. Het dubbele gezicht van hun geschiedenis. Amsterdam, Balans, 1992. ISBN 9789050181860
  • Madelon de Keizer: De gijzelaars van Sint Michielsgestel. Een elite-beraad in oorlogstijd. Alphen aan de Rijn, Sijthoff, 1979. ISBN 9021824914