Haytsmastate (Minnertsgea)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Haytsmastate (1982)

De Haytsmastate wie in state yn Minnertsgea, gemeente It Bilt. Krekt bûten Minnertsgea, links fan de wei rjochting Tsjummearum, leit heal ferskûle efter in grutte en 2,8 meter hege terp, in pleats mei de namme Haytsmastate. De eigentlike stins/state sil grif op de hege terp stien hawwe.

De Haytsmastate is grif ûntstien yn de 15e iuw. Christianus Schotanus meldt yn syn "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" yn 1664 hielendal gjin geen Haytsmastate wyls de "Tegenwoordige staat van Friesland" ± 1780 allinnich skriuwt dat Haytsmastate 'al voor lang weggebroken' is. In gelok dat doarpshistoarisy as Dr. Wumkes en ds. Winsemius mear ynformaasje boppe wetter tild hawwe.

Haytsmastate hie al yn de 15e iuw in eigen kapel, stifte troch Atte Haitsma en syn buorman Atte Fernia. De kapel hie in eigen preester. Dy funksje waard yn 1543 ferfold troch Offcke Offckes fan Haytsma, in pakesizzer fan de stichter. Oan de hân fan grêfsarken is bekend dat yn de tsjerke fan Minnertsgea begroeven binne Hoyte Haytzema yn 1633, Rein Hoytes Haytzma yn 1645, Saeske Reyns Haitzma yn 1671 en Hoite Reins Haytzema yn 1685. Se hawwe frij seker opinoar folgjend de state yn besit hân.

Yn 1700 is de state eigendom fan Wyger Sybes dy't troud wie mei Rinske fan Haitsma, nei alle gedachten in dochter fan de foarige eigener. Se wie ek eigener fan de pleats oan de Mieddyk mei stimnûmer 9, dêr't tsjintwurdich garaazje De Groot sit.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 15e iuw Atte Haitsma
  • ? - 1540 Offcke Attes Haitsma
  •  ? - 1633 Hoyte Haytzema
  • 1633 - 1645 Rein Hoytes Haytzma
  • 1645 - 1671 Saeske Reyns Haitzma
  • 1671 - 1685 Hoite Reins Haytzema
  • 1700 Wyger Sybes en Rinske van Haitsma
  • 1948 de hear B. Jukema

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt troch Chr. Schotanus (1664)
  • Tegenwoordige staat van Friesland ± 1780
  • De historie gaat door het eigen dorp fan A. Algra (1955-1960)
  • Om toer en tsjerke fan Minnertsgea fan A.D. Wumkes
  • Minnertsgea fan P.B. Winsemius