Hausa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pompeblêd.png
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Hausa harpspiler yn Nigeria

De Hausa binne in West-Afrikaansk folk dy't foar it grutste part yn it noardwesten fan Nigeria wenje, dêr't sy de grutste befolkingskloft foarmje, en yn it súdwesten fan Niger. It folk telt tusken de 24 en 27 miljoen leden. Harren taal (Hausa), mei in protte Arabyske eleminten, wurdt ek troch oare West-Afrikaanske folken brûkt as hannels- en fiertaal.

De Hausa libje fan de ikkerbou (garst, stynske weet, yam, tabak en katoen), yn de stêden fral fan ambachtlik wurk (fervjen fan stoffen, weven, metaal- en learbewurking). Troch de geunstige geografyske lizzing besuden de grutte hannelswegen troch de Sahara heart de wolfeart fan de Hausa ta de heechste ûnder de keaplju fan West-Afrika. Troch harren reizen hawwe de Hausa meiholpen oan de útwikkeling fan talrike kulturele saken út útienrinnende lannen, lykas wurktugen, wapens of klaaiïng.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Hausa al sûnt de 14e iuw gruttendiels islamitysk binne, hawwe sy noch inkele kultuereleminten út de foar-islamityske tiid behâlden, bygelyks de boriskultus fan de froulju dêr't troch ritmyske dûnsen de geasten fan de foarâlden by besward wurde.