Springe nei ynhâld

Harry van Dam

Ut Wikipedy

Harry van Dam (Amsterdam, 30 desimber 1937) is in autodidaktysk byldzjend keunstner út Alde Pekela.

Hoewol't hy op skoalle aardich tekenje koe gie hy der net yn fierder. It wie yn dy tiid net echt as berop sjoen. Nei in tal technyske opliedings komt Harry oan it wurk yn de radio- en TV technyk en elektroanika. Earst om 1973 hinne begjint Harry van Dam te skilderjen. Syn ûnderwerpen binne dan it polderlânskip, sleatten en fee yn de omkriten fan Amsterdam. It lânskip dat eartiids ek de Haachske skoalle ynspirearre. Omdat er it abstrakte wurkjen doe eins net serieus naam kaam er dêr net mei nei bûten.

It waard wer wichtiger doe't hy syn eigen (lytse) galery Mini krige mei in soad eigen wurk. De abstrakte wurken mei in soad drokke kleuren as read en giel kamen doe ek wer yn byld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: