Springe nei ynhâld

Harrie Muis

Ut Wikipedy

Harrie Muis wie in Ljouwerter programmeur fan popmuzyk.

As santjinjierrige wurke hy mei yn it jongereinsintrum yn Bovenkarspel. Yn Ljouwert studearre Muis Nederlânsk en Skiednis oan de lerare-oplieding Ubbo Emmius.

Oant 1981 wie frijwilliger by it filmhûs fan jongereinsintrum Hippo. Dêrnei rekke hy belutsen by stifting De Ooievaar dy’t op in soad ferskillende lokaasjes yn Ljouwert popkonserten organisearre.
Yn 1981 waard hy programmeur by de Stichting De Ooievaar. Yn 1992 waard hy programmeur foar Stichting It Poadium. It Poadium hie hast deselde doelstellings as De Ooievaar: it jaan fan popkonserten foar in reedlike yntreepriis. Boppedat woe it pleatslike groepen oan in optreden helpe of in optreden regelje yn it foarprogramma fan bekende artysten. Fierders organisearre se it Home Noiz-festival en Down Town Café, in radioprogramma fan de Ljouwerter omrop Mercurius. Foar syn programmearring fan It Poadium krige hy de Fryske Poppriis 2002. It Poadium swalke lâns ferskate konsertsealtsjes, fan kafee de Brouwershoek (it lettere Muzykkafee De Gloppe), studintensintrum 7A9, de kafees Silbermann en Mukkes oant de Bouhof. Yn 2004 waard muis de earste betelle popprogrammeur fan Ljouwert. Yn 2006 waard hy programmeur by Poppoadium Romein. Harrie Muis stoppe dêr op 1 jannewaris 2010 as programmeur fan it Romein 17 desimber.[1] Wietze Meetsma, syn eardere assistint naam syn syn taken oer.

Muis organisearre ein jierren tachtich, begjin jierren njoggentich ek de Waarme Winternachten. Ek fersoarge hy de programmearring fan de simmeraktiviteiten yn de Prinsetún.

Neist programmeur is Harrie Muis in ferwoeden hobbyfotograaf. In protte beroemdheden hat hy foar syn lins hân, mar hy makke ek in soad foto's fan Ljouwert. In diel fan syn fotoargyf hat er oerdroegen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Harrie Muis stopt bij Romein, Ljouwerter Krante, 17 desimber 2010