Hare and Tortoise
Hare and Tortoise (Ingelsk foar "Hazze en Skyldpod") is in spul fan David Parlett foar 2 oant 6 spilers út 1974, dêr't mar in lytse geloksfaktor by jildt. It tema fan it spul is de wedstriid tusken de hazze en de skyldpod. Utsûndering is it spul fan Ravensburg foar de Dútktalige spilers, dêr't ynstee it ferhaal fan de hazze en de stikelbaarch yn ferbylde wurdt, fanwegen de ynfloed fan de bruorren Grimm.
Bewegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beweging foarút wurdt dien troch woartels te iten. Ien stapke foarút kostet ien woartel. Elts stapke foarút mear, kostet lykwols in woartel mear: 1 stapke: 1 woartel; 2 stapkes: 1 woartel + 2 woartels = 3 woartels; 3 stapkes: 3 woartels + 3 woartels = 6 woartels: 4 stapkes: 6 woartels + 4 woartels = 10 woartels, ensfh. Under oaren troch beweging werom, nei in woartelfjild, komt de spiler oan woartels: 10 woartels foar elts stapke werom. Soms moat in spiler lykwols kieze om woartels werom te jaan, ynstee fan mei te nimmen: it punt is dat der in beheining is oan hoefolle woartels in spiler by him hawwe mei at er yn it doel oankomt.
Geloksfaktor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de measte ferzjes is der in lytse gelokfaktor om't men op in hazzefjild lânje kin. Dan wurdt der ornaris in kaart út in stapel trokken, en de ynstrukjes dêrfan útfierd. Der binne lykwols ek ferzjes dêr't in dobbelstien by rôle wurdt. Yn beide systemen wurde der ynstrukjes útfierd dy't krekt wat yn it foardiel binne fan in spiler dy't efter leit.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hare and Tortoise waard yn 1979 wurdeare as Spiel des Jahres yn de Hase und Igel ferzje fan Ravensburger.