Harbor Beach (Michigan)
Harbor Beach | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Huron County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.669 (2012) | |
Oerflak | 5,4 km² (ynkl. wetter) 4,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 375,7 / km² | |
Hichte | 183 m | |
Oar | ||
Stifting | 1837 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 43°50′41″N 82°39′05″W | |
Offisjele webside | ||
www.harborbeach.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Harbor Beach yn Huron County en yn 'e steat Michigan. |
Harbor Beach is in stêd yn it eastlike part fan 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e westkust fan 'e Huronmar. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie dit plak doe krapoan 1.700 ynwenners op in oerflak fan 5,4 km².
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken hearde Harbor Beach ta it wengebiet fan 'e Odjibwa- of Tsjippewa-Yndianen. Yn 1837 arrivearren de earste kolonisten, dy't in houtseagerij bouden. De delsetting dy't dêromhinne ûntstie, kaam yn 1855 Barnettsville te hjitten, mar waard letter omneamd ta Sand Beach. Yn 1899 waard besletten om 'e namme Harbor Beach oan te nimmen, om't men bang wie dat der by bûtensteanders in yndruk ûntstean soe dat der oars neat as sân yn it plakje te finen wie. Yn 1910 krige Harbor Beach stedsrjochten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Harbor Beach 22,7% âlder as 65 jier en 20,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 60,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 15,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 24,8% fan 'e leeftydskategory ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 95,8% blanken; 1,1% Aziaten; 0,6% Latino's; 0,4% Yndianen; 0,2% swarten; en 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |