Hans van Manen
Hans Artur Gerhard van Manen (Nieuwer-Amstel, 11 july 1932) is in Nederlânsk balletdûnser, koreograaf en fotograaf.
Van Manen is in soan fan in Dútske tsjinstfaam. Fan in jonkje dy't by syn mem op sneintemiddei tusken de skodoarren dûnse op muzyk fan it Konsertgebou Amsterdam waakste er ta ien fan de meast foaroansteande Nederlânske koreografen. Hy studearre ûnder oaren by Sonia Gaskell, Françoise Adret en Nora Kiss.
Helderheid en ienfâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hans van Manen skreau in protte balletten, mear as 120. Hy wurke foar Het Nationale Ballet fan 1973 oant 1985. De styl fan syn koreografyen wurdt skaaimerke troch in heldere struktuer en ferrifeljende ienfâld; it besoarge him de bynamme de Mondriaan van de dans.
Syn balletten kombinearret hy moderne mei klassike dûns yn; hy is net benaud dûnsers ûnferwachte teatrale dingen dwaan te litten, lykas hinne en wer rinne en it smoken fan in sigaret. Humor ferbûn mei muzikaliteit is in reade tried dy't troch in protte fan syn balletten rint.
Foaral it Nederlands Dans Theater en Het Nationale Ballet brochten (en bringe noch altyd) in soad fan syn koreografyen op de planken.
Erasmuspriis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 krige Van Manen de Erasmuspriis as fertsjintwurdiger fan de Nederlânske dûns yn it generaal. Yn de motivaasje stie: "In de jaren zeventig en tachtig ontwikkelt hij zich als een ambassadeur van de Nederlandse dans: zijn creaties en zijn rol in de internationale betrekkingen op kunstgebied hebben intussen hun exportwaarde ruim bewezen. In de afgelopen kwart eeuw blijft de laureaat voortdurend zijn publiek verrassen. Hoewel zijn methoden veranderden, bleef zijn centrale axioma ongewijzigd: 'dans hoeft niet te verwijzen, het gaat om de beweging zelf die de betekenis draagt en overdraagt." (Erasmuspriis 2000).
July 2007 waard er 75 jier, mar hy wie net fan doel om op te hâlden mei it betinken fan nije koreografyen. Septimber 2007 organisearre Het Nationale Ballet in grut festival fanwegen syn jierdei en doe waarden 25 fan syn 120 dûnsen op 'en nij útfierd. By de iepening fan it festival waard Van Manen de fersiersels fan Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw omdien en opspjelde. Yn 1992 wie Van Manen al beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Koreografyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De maan in de trapeze (1959; muziek Benjamin Britten)
- Symphony in three movements (1963; Igor Stravinsky)
- Metaforen (1965; D. Lesur)
- Vijf schetsen (1966; Paul Hindemith)
- Variomatic (1968; Lennox Berkeley)
- Squares (1969; Z. Szilassy)
- Grosse Fuge (1971; Ludwig van Beethoven)
- Opus Lemaitre (1972; J.S. Bach)
- Daphnis en Chloë (1972; Maurice Ravel)
- Le sacre du printemps (1974; Igor Stravinsky)
- Collective symphony (mei Rudi van Dantzig en Toer van Schayk 1975; muzyk Igor Stravinsky)
- 5 Tango's (1977; Ástor Piazzolla)
- Pianovariaties I (1980; J.S. Bach en Luigi Dallapiccola)
- II (ek Sarcasmen, 1981; Sergej Prokofjev)
- III (ek Les gnossiennes, 1982; Erik Satie)
- IV (ek Pose, 1982; Claude Debussy)
- V (ek Exposed, 1984; Claude Debussy)
- Balletscènes (1985; Igor Stravinsky)
- Clogs (1987)
- Shaker loops (1988; John Adams)
- Black cake (1989), Brainstorm (1989), Visions fugitives (1990; Sergej Prokofjev)
- Andante (1990; W.A. Mozart)
- Two (1990; Ferruccio Busoni)
- Shorthand – six Stravinsky pieces (1993)
- Polish pieces (1995)
- Kammerballet (1995)
- Déjà vu (1995)
- The old man and me (1996)
- Three pieces for HET (1997)
- Illusion (2000; Erkki-Sven Tüür)
- Frank Bridge Variations (2005; Benjamin Britten)
- Six Piano Pieces (2006)
- Dreaming About You (2006)
- Without Words (2010)
- Tears (2008) part fan In Space
- Waterfront (2009)
- Gala (2011)
- Variations for two couples (2012)
- Dances with Harp (2014)
- Alltag (2014)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Keso Dekker, Hans van Manen en Modern Ballet in Nederland (Bakker, 1981). ISBN 978-9060-19-77-14
- Eva van Schaik, Hans van Manen, leven & werken (Arena, 1997) ISBN 90-6974-261-6
- Eddie Vetter e.a., Hans van Manen : meer dan een halve eeuw dans (De Arbeiderspers, 2007) ISBN 978-90-295-6538-7
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|