Springe nei ynhâld

Hans van Manen

Ut Wikipedy
Hans van Manen
Hans van Manen (1986)
Hans van Manen (1986)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHans Artur Gerhard van Manen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne11 july 1932
berteplakNieuwer-Amstel
stoarn17 desimber 2025
stjerplakAmsterdam
wurkpaad
berop/amtBalletdûnser,
Koreograaf
prizenErasmuspriis (2000)
Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
Deutscher Tanzpreis
Prix Benois de la Danse
Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw

| webside = }} Hans Artur Gerhard van Manen (Nieuwer-Amstel, 11 july 1932 - Amsterdam, 17 desimber 2025) wie in Nederlânske balletdûnser, koreograaf en fotograaf.

Van Manen is in soan fan in Dútske tsjinstfaam. Fan in jonkje dy't by syn mem op sneintemiddei tusken de skodoarren dûnse op muzyk fan it Konsertgebou Amsterdam waakste er ta ien fan de meast foaroansteande Nederlânske koreografen. Hy studearre ûnder oaren by Sonia Gaskell, Françoise Adret en Nora Kiss.

Hans van Manen skreau in protte balletten, goed 150. Hy wurke foar Het Nationale Ballet fan 1973 oant 1985. De styl fan syn koreografyen wurdt skaaimerke troch in heldere struktuer en ferrifeljende ienfâld; it besoarge him de bynamme de Mondriaan van de dans.

Yn syn balletten kombinearre er moderne mei klassike dûns; hy wie net benaud dûnsers ûnferwachte teatrale dingen dwaan te litten, lykas hinne en wer rinne en it smoken fan in sigaret. Humor ferbûn mei muzikaliteit is in reade tried dy't troch in protte fan syn balletten rint.

Foaral it Nederlands Dans Theater en Het Nationale Ballet brochten (en bringe noch altyd) in soad fan syn koreografyen op de planken.

July 2007 waard er 75 jier, mar hy wie net fan doel om op te hâlden mei it betinken fan nije koreografyen. Septimber 2007 organisearre Het Nationale Ballet in grut festival fanwegen syn jierdei en doe waarden 25 fan syn doe noch 120 dûnsen op 'en nij útfierd. By de iepening fan it festival waard Van Manen de fersiersels fan Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw omdien en opspjelde. Yn 1992 wie Van Manen al beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Yn 2023 waard in dokumintêre oer syn libben en wurk útbrocht, mei de titel Just dance the steps. Dy dokumintêre waard makke troch filmmakker Willem Aerts.

Hy wenne tegearre mei syn partner Henk van Dijk. Van Manen ferstoar op 17 desimber 2025 yn de âldens fan 93 jier yn Amsterdam.

Yn 2000 krige Van Manen de Erasmuspriis as fertsjintwurdiger fan de Nederlânske dûns yn it generaal. Yn de motivaasje stie: "In de jaren zeventig en tachtig ontwikkelt hij zich als een ambassadeur van de Nederlandse dans: zijn creaties en zijn rol in de internationale betrekkingen op kunstgebied hebben intussen hun exportwaarde ruim bewezen. In de afgelopen kwart eeuw blijft de laureaat voortdurend zijn publiek verrassen. Hoewel zijn methoden veranderden, bleef zijn centrale axioma ongewijzigd: 'dans hoeft niet te verwijzen, het gaat om de beweging zelf die de betekenis draagt en overdraagt." (Erasmuspriis 2000).

Diana Vishneva yn 'LIVE' fan Hans van Manen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: