Hankyu
Hankyu | ||
Algemiene Ynformaasje | ||
Lân | Japan | |
Haadfêstiging | Stasjon Umeda | |
Kaaifiguren | Kazuo Sumi (presedint-direkteur) | |
Aktyf fan | 1907 - no | |
Webside | hankyu.jp | |
Bedriuwsstruktuer | ||
dochterûndernimming(en) | Hankyu Bus (100%) HANKYU HANSHIN EXPRESS Co., Ltd. (100%) TOHO CO., LTD. (12%) | |
Behear | ||
Trajektlingte | 138 km |
Hankyu Corporation (ôfkoarting Hankyu, Japansk: 阪急電鉄株式会社) is sûnt 1907 it spoarwegebedriuw fan Japan. It private bedriuw hat alle dagen mear as 2.500 treinen riden en hat mear as 90 treinstasjons. De maatskippij hat in wiidweidich netwurk fan spoarlinen dat de stêden Osaka, Kyoto en Kobe mei-inoar ferbynt. It haadkertier is yn Osaka. Hankyu is ek warber op it mêd fan logistyk en is eigner fan bedriuwen sa as Hankyu Hanshin Express.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarrinner fan it bedriuw, Minoo Arima Electric Tramway Company (箕面有馬電気軌道株式会社 Minoo Arima Denki Kidō Kabushiki Gaisha), waard yn 1907 oprjochte troch Ichizō Kobayashi. Op 10 maart 1910 iepene de Minoo Arima Tramway de Takarazuka-line en de Minoo-line.
Op 4 febrewaris 1943 fusearre Hankyu, fanwege it regear, mei Keihan en waard omneamd ta Keihanshin Kyūkō Railway Company (京阪神急行電鉄株式会社 Keihanshin Kyūkō Dentetsu Kabushiki Gaisha), alle linen fan beide maatskippijen, Shinkeihan-line (no de Hankyu Kyoto-line), Senriyama-line (no de Senri-line), de Jūsō-line (no part fan de Hanku Kyoto-line) en de Arashiyama-line, (dy trije lêsten wiene doe eigendom fan Keihan) derby ynbegrepen. De Katano-line kaam dêr yn 1945 by.
Yn 1949 waard Keihan wer selsstannich, mar wie lytser as foar de fúzje mei Keihanshin yn 1943, omdat de Shinkeihan-line, Senriyama-line en de Arashiyama-line yn hannen bleaune fan Keihanshin.
Fan 7 april 1968 ôf rieden de Hankyu-treinen ek troch oer de Kōbe Rapid Transit Railway Tozai-line en de Sanyo Electric Railway Haadline; op 1 april 1973 waard Keihanshin Kyūkō Railway Company omneamd ta Hankyu Corporation (阪急電鉄株式会社 Hankyū Dentetsu Kabushiki Gaisha).
Op 1 april 2005 waard 'Hankyu Holdings, Inc. oprjochte en waard Hankyu Corporation ûnderdiel fan dat bedriuw. Op 1 oktober 2006 waard Hanshin part fan de holding en krige de namme Hankyu Hanshin Holdings.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hankyu fan Wikimedia Commons. |