Haniastins

Ut Wikipedy
Haniastins (1603)

De Haniastins of It Blokhûs wie in stins oan it Blokhûsplein yn Ljouwert op it plak dêr't no de âlde finzenis stiet.

De stins waard grif al foar 1400 boud. Fan de Haniastins is hast neat bekend. It wie yn de 15e iuw eigendom fan Gale Hania dy't troud wie mei Rints Ekinga. Harren soan Watze Hania wie yn it begjin fan de 16e iuw in ferneamd genês- en hielkundige. Hy soe op dat stee wenne hawwe doe't it yn 1498 troch hartoch Albrecht fan Saksen yn beslach nomd waard om romte te meitsjen foar it ‘blokhûs’. Dat wie in twangboarcht om de faak opstannige befolking fan Ljouwert ûnder de kwint te hâlden. Nei alle gedachten is it hûs fan de Hania’s yn 1498 net ôfbrutsen, mar allinnich fan bestimming feroare. Foar in bettere ferdigenberheid waarden der wâlden en muorren omhinne lein. Foar it ûnderbringen fan in flink oantal soldaten en (ek doe al) it opsluten fan delinkwinten en kriminelen, waarden der in oantal gebouwen by boud op it grutte en fan gewoane wenhuzen frijmakke terrein. It haadgebou fan it blokhûs op de kaart fan Johan Sems hat kwa foarm en formaat in soad wei fan it tichtby lizzende Juwsmahûs oan de Weaze, linksûnder op bygeand detail fan de stêdsplattegrûn fan Sems út 1603.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: