Handrij Zejler

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Handrij Zejler
H. Zejler-monumint yn Salzenforst

Handrij Zejler (Bautzen-Salzenforst (Budyšin-Słona Boršć), 1 febrewaris 180415 oktober 1872) wie in Heechsorbysk skriuwer en dichter dy't jildt as de grûnlizzer fan de moderne Sorbyske poëzy.

Handrij Zejler studearre nei it gymnasium yn Bautzen tusken 1825 en 1829 teology yn Leipzig (Lipsk). Dêr waard er ien fan de liedende persoanen fan "Sorabija", de Sorbyske studinteferiening. De feriening joech ek it tydskrift "Serbska Nowina" út, dêr't Sorbyske taal- en folkskundige ûnderwerpen yn behannele waarden. Beynvloede troch de slavische Romantyk skreau er in protte gedichten, dy't letter de folkskultuer yn gean soene. In lyts part fan syn wurk skreau er yn it Dútsk; it Sorbysktalige wurk is troch Jurij Brězan en oaren yn it Dútsk oerset. Handrij Zejler gie nei syn stúdzje werom nei de Lausitz om dêr yn 1835 geastlike te wurden. Lohsa (Łaz) soe er syn hiele libben wenje en arbeidzje.

Fan 1842 oant 1848 wie Zejler redakteur fan it Sorbyske wykblêd "Tydźenska Nowina", de foarrinner fan it hjoeddeiske nijsblêd "Serbske Nowiny". Yn 1847 rjochte er de Maćica Serbska (Leechsorbysk: Maśica Serbska) op, dy't de sintrale organisaasje foar it oplibjen fan de Sorbyske kultuer waard. Zejler wie dêryn tegearre mei Jan Arnošt Smoler, Jaroměr Hendrich Imiš en Korla Awgust Kocor de sintrale figuer.

Zejler skreau de tekst foar it Sorbysk folksliet "Rjana Łužica". Yn it Nedersorbysk is de titel "Rědna Łužyca".

Handrij Zejler stoar yn de âldens fan 68 jier yn Lohsa (Oppersorbysk: Łaz).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]