Springe nei ynhâld

Hanadi Zakaria al-Hindi

Ut Wikipedy
Hanadi Zakaria al-Hindi
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hanadi Zakaria al-Hindi
nasjonaliteit Saûdysk
berne septimber 1978
berteplak Mekka (Saûdy-Araabje)
etnisiteit Hidjazysk-Arabysk
wurkpaad
berop/amt piloate
jierren aktyf 2005 – no
reden
  bekendheid
earste froulike beropspiloat
   yn Saûdy-Araabje

Hanadi Zakaria al-Hindi (Arabysk: هنادي زكريا الهندي; Mekka, septimber 1978) is de earste profesjonele froulike piloat fan Saûdy-Araabje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al-Hindi waard yn 1978 berne yn Mekka, de islamityske hillige stêd yn 'e Hidjas-regio fan westlik Saûdy-Araabje. Hja behelle har fleanbrevet en learde foar profesjoneel ferkearsfleander oan 'e Middeneastlike Akademy foar Kommersjele Loftfeart (Middle East Academy for Commercial Aviation) yn 'e Jordaanske haadstêd Amman. Op 15 juny 2005 slagge Al-Hindi dêre foar har eksamens.

Neitiid tekene hja in tsienjierrich kontrakt om te fleanen foar de Kingdom Holding Company fan 'e Saûdyske prins Al-Waliid bin Talaal, foar wa't se syn priveefleantúch bestjoerde. Prins Al-Waliid wurdt rûnom beskôge as in foarstanner fan frouljusemansipaasje yn it aartskonservative Saûdy-Araabje, dêr't froulju net iens in auto bestjoere meie.

Om't der (noch) gjin wetten bestiene dy't froulju ferbeaen fleantugen te bestjoeren (mei't fan sokke wetten noch nea ferlet west hie), betelle prins Al-Waliid foar de oplieding fan Al-Hindi mei it spesifike doel om in froulike piloat yn 'e loft te krijen ear't de konservativen yn syn heitelân maatregels nimme koene om dat tsjin te kearen. Yn 2014 wist prins Al-Waliid syn piloate Al-Hindi sertifisearre te krijen om yn it Saûdyske loftrom te fleanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.