Springe nei ynhâld

Hammerstik (gearkomste)

Ut Wikipedy
In foarsittershammer

In hammerstik is in stik yn in gearkomste, punt fan in wurklist dat sûnder diskusje, mei in slach fan 'e foarsittershammer, oannommen wurdt.[1] De foarsitter kin it dan "ôfhammerje". Dat begryp ferwiist nei in ôfhanneling dêr't seremonieel mei de foarsittershammer op tafel by slein wurdt. By ynformele gearkomsten wurdt soks oerslein. Foar it hammerstik oer wurdt it begryp "besprekstik" brûkt.

Yn it Nederlânsk parlemint is in hammerstik in wetsfoarstel dêr't gjin inkeld parlemintslid it wurd by fiere wol en dat sûnder stimmen troch de Keamer oannommen wurdt.[2] Yn de ministerried hjit de sekretaris fan de ried as stikken wol as net as hammerstik behannele wurde moatte.[3]

Yn Nederlân wurde wetsfoarstellen ornaris besprutsen yn ien fan de fêste Keamerkommisjes ear't it foarstel as gehiel behannele wurdt. Yn dy kommisjegearkomsten wurde fragen en opmerkings makke dy't in yntsjinner fan it wetsfoarstel foarlein wurde. Nei de lêste kommisjegearkomste oer it foarstel wurdt in einferslach makke, dat nei de Keamer stjoerd wurdt. Yn 'e praktyk wurdt yn Nederlân, wannear't by wetsfoarstellen ûnbeskreaune einferslaggen útbrocht binne, hast altyd as hammerstik ôfbehannele wurde. It giet dêrby dan oer net-kontroversjele foarstellen of oer wizigings op wetlik mêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: