Halbe Binnerts
Mr. Halbe Binnerts (It Hearrenfean, 26 oktober 1842 - Voorburg, 5 jannewaris 1922), wie lid de Provinsjale Steaten fan Fryslân, lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal, sekretaris fan de Keamer fan Keaphannel en foarsitter fan de Milysjeried yn it 2e militêre distrikt yn Fryslân.
Halbe Binnerts wie jierrenlang abbekaat op It Hearrenfean. Yn 1870 troude er mei Magdalena Hermanna Greidanus. Fan 1899-1911 wenne de mennist Binnerts yn Ljouwert.
Foar de ienwurding fan it plak It Hearrenfean hat er him tige ynsetten. Syn plan wie om elke fan de beide gritenijen Anjewier en Skoatterlân in stik ôf te nimmen. Hy hie hjirfoar al in ûntwerp fan wet opsteld. Hy wenne oan de Heidebuorren op it Fean. Op 18 novimber 1920 is hy ferfearn nei Voorburg.