Springe nei ynhâld

Haadsynagoge (Mainz)

Ut Wikipedy
Haadsynagoge
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres hoeke Hindenburgstraße/Josefsstraße
koördinaten 50° 0' N 8° 15' E
Arsjitektuer
arsjitekt Willy Graf
boujier 1912
sloopjier 1938
Webside
Side joadske mienskip Mainz
Kaart
Haadsynagoge (Rynlân-Palts)
Haadsynagoge

De Haadsynagoge fan Mainz (Dútsk: Mainzer Hauptsynagoge) wie de synagoge fan 'e joadske gemeente fan Mainz op 'e hoeke Hindenburgstraße/Josefsstraße yn it stedsdiel Neustadt. De synagoge waard yn 'e jierren 1911-1912 boud, yn de Reichskristallnacht fan 1938 troch nasjonaalsosjalisten yn 'e brân stutsen en in pear dagen letter opblaasd. Fan 'e haadsynagoge bleane in pear boudielen bewarre, dy't yn 1988 ta neitins oan de ferfolging op it oarspronklike plak delset binne.

De earste yn 1853 ynwijde haadsynagoge fan Mainz yn 'e doetiidske Synagogenstraße waard neffens in ûntwerp fan Ignaz Opfermann boud. De synagoge wie liberaal en krige noch itselde jier in oargel fan Bernhard Dreymann, ien fan de earste synagoge-oargels yn Dútslân. Fanwegen it oargel en oare herfoarmings sochten de otterdokse joaden nei in eigen gebou, dat yn 1856 realisearre wurde koe.

Fragmint fan de Haadsynagoge

Tsjin it ein fan 'e 19e iuw waard de haadsynagoge foar de groeiende gemeente te lyts en wie nijbou nedich. Foar dy nijbou waard it ûnderwerp fan de arsjitekt Willy Graf út Stuttgart keazen. De bou fan 'e nije haadsynagoge fûn yn de jierren 1911-1912 plak. Op 3 septimber folge de ynwijing.

De joadske gemeente fan Mainz bestie foar de Twadde Wrâldkriich út mear as 3.000 leden. Yn de nacht fan 9 op 10 novimber 1938 waard de synagoge yn 'e brân stutsen en op 17 novimber waarden de resten opblaasd. Nei de kriich wiene der noch mar 57 joaden yn Mainz. Fan de synagoge bleaune in pear fragminten bewarre, dy't yn 1988 op de oarspronklike lokaasje werom set binne.

Yn 2010 waard op it plak fan de haadsynagoge de nije synagoge fan Mainz iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.