Haadbrêge fan Easterwâlde
De Haadbrêge fan Easterwâlde leit yn it sintrum fan it plak en ferbynt de twa ouwers fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart, ûnderdiel fan de Turfrûte. De provinsjale brêge is bysûnder om twa redenen:
- 1) it is in hefbrêge mei mat twa pyloanen;
- 2) de brêge is de earste fan komposyt (rizelfersterke keunststof) foar de swierste ferkearsklasse.
De fal is makke foar in bewegende brêge; middels hydraulyk kin it yn fertikale rjochting beweegd wurde om skipfeart trochgong jaan te kinnen. Yn dizze opset is de brêge fan komposyt de earste fan de wrâld.
De brêge is makke yn opdracht fan de Provinsje Fryslân. It ûntwerp is fan Witteveen + Bos en Arsjitekteburo irs VEGTER bi. De produksje fan de komposite fal is útfierd troch FiberCore Europe yn Rotterdam; Knol Akkrum wie de haadoannimmer fan it projekt.
De kar foar komposyt sit yn de eigenskippen fan dit materiaal. Om't de pyloanen net yn’e midden fan de brêge oanbrocht binne, wie in licht materiaal nedich dat mei relatyf in bytsje kontragewicht balânsearre wurde wurde koe. Soks koe allinnich mei komposyt; yn stiel of beton hie dizze brêge net makke wurde kind. Dêrneist spile ek it duorsume karakter fan komposyt in rol.
De brêge is 12 meter lang en 11,2 meter breed en is op 8 july 2010 oplevere.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |