Hûnefanger
In hûnefanger of hûnemepper wie fan de fyftjinde iuw ôf oan it berop fan immen dy 't yn tsjinst fan it stedsbestjoer op hûnen jage. De hûnemeppers waarden meastal de deade hûn betelle. It idee wie dat hûnen oerdragers fan sykten as pest, melaatsheid en hûnsdûmens wiene. Ek waarden hûneslaggers oansteld om hûnen út de tsjerken te ferjeien, omdat se mei harren blaffen de tsjinst fersteurden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de midsiuwen waard in stiichbûgel of metalen bân brûkt om te bepalen oft hûnen in stêd yn mochten. As de hûn der net trochhinne paste, waard dy deade of ferballe. Dêr komt de útdrukking "net troch de bûgel kinne" wei.
Fan de fyftjinde iuw ôf waard yn ferskate gemeenten in hûnebelesting ynfierd en hûnen moasten in pinning drage, sadat se net fongen waarden. It berop ferdwûn yn de Frânske tiid, mar kaam op 'e nij ta libben yn de midden fan de njoggentjinde iuw ûnder Thorbecke.
Yn de Feriene Steaten bestie it berop dogcatcher wat gelyk stie oan hûnefanger. Tt wie eartiids in ferkeazen funksje. De útdrukking couldn 't be elected dogcatcher wurdt yn de Amerikaanske polityk noch hieltyd brûkt om kandidaten dy't kânsleas achte wurde mei oan te tsjutten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|