Springe nei ynhâld

Gûatemala-Stêd

Ut Wikipedy
Gûatemala-stêd
La Nueva Guatemala de la Asunción
Bestjoer
Lân Gûatemala
Departemint Gûatamala
Sifers
Ynwennertal 1.104.890 (2010)
Oerflak 692 km²
Befolkingsticht. / km²
Stêdekloft 3.681.309
Hichte 1602 m
Oar
Stifting 1773
Tiidsône GMT-6 (UTC-6)
Offisjele webside
Municipalidad de Guatemala
10e stedsdistrikt (sône)

Guatemala-Stêd (Spaansk: Ciudad de Guatemala, folsleine namme: La Nueva Guatemala de la Asunción) is haadstêd en grutste stêd fan Gûatemala. It is ek de grutste stêd fan Sintraal-Amearika.

Gûatemala-Stêd is al goed 200 jier de administrative, ekonomyske en kulturele haadstêd fan it lân. Agraryske hannelsprodukten binne ekonomysk wichtich foar de stêd (kofje, sjippe en bananen). De stêd groeit eksponinsjeel: minsken dy't wurk sykje komme út oare parten fan it lân nei de stêd. De ferpaupering en miljeufersmoarging nimme hieltyd mear ta. Gûatemala-Stêd leit yn in delling yn it suden fan it lân; dêrtroch bliuwt smoarge loft faak yn de stêd hingjen.

De stêd stiet op in minne namme wat feilichheid oanbelanget. Yn guon sônes wurde geregeldwei minsken deadien, wat faak te meitsjen hat mei rivaliteit tusken bendes (maras). Bûsehifkjen komt in soad foar, ek yn it iepenbier ferfier.

De oerbliuwsels fan de Mayastêd Kaminaljuyu lizze binnen de stedsgrinzen en binne fan grut archeologysk belang. Yn de begjintiid fan de Spaanske kolonisaasje wie dêr yn lytse stêd mei de namme El Carmen. Doe't in ierdskodding Antigua Guatemala, de eardere haadstêd fan Guatemala, yn 1775 ferneatige, waard de haadstêd troch de Spanjerts ferpleatst nei it Gûatemala-Stêd fan no. In protte keunstskatten út de tsjerken fan Antigua binne doe oerbrocht nei de nije tsjerken yn Gûatemala-Stêd.

Spanjerts stiften de stêd yn 1776 en bouden fuortendaliks in universiteit. De stêd is út soarte ûntwurpen om as haadstêd te tsjinjen. Yn de 19e iuw wie de stêd haadstêd fan de Feriene Steaten fan Sintraal-Ameerika. Tusken 1830 en 1976 is Guatemala-Stêd fjouwris troch in swiere ierdskodding rekke. It is dêrom ferbean om gebouwen mei mear as twa etaazjes te setten.

De boargemaster fan no is de eardere presidint Álvaro Arzú.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Museum Popol Vuh (mei grutte samling Maya-âldheden),
  • Museum foar Moderne Keunst,
  • Museum Ixchel (samling Mayaklean en -stoffen),
  • Museum Miraflores (mei archeologyske fynsten út Kaminaljuyu),
  • Palacio Nacional,
  • Tsjerkean La Merced (mei kapel foar Sint Judas),
  • Bistetún fan La Aurora.

Universiteiten en skoallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêr binne 10 universiteiten; Universidad Mariano Gálvez, Universidad Panamericana, Universidad Mesoamericana, Universidad Rafael Landivar, Universidad Francisco Marroquin, Universidad del Valle, Universidad del Istmo, Galileo Universiteit, Universidad Rural en de Universidad de San Carlos, de iennichste iepenbiere en treds âldste yn Amearika. Der binne teffens twa fan de meast djoere partikuliere skoallen fan Sintraal-Amearika, nammentlik de Amerikaanske Skoallen fan Gûatemala en de Majaansk Ynternasjonale Skoalle.

Nettsjinsteand de lizzing yn de tropen en ferskate mikroklimaten dy't it lân hat, soarget de hege lizzing fan Guatemala-Stêd foar in relatyf mylder subtropysk heechlân klimaat (Köppen Cwb), mar guon plakken plakken fan de sêd grinzgje oan gebieten mei in tropysk savanne klimaat (Köppen Aw). Gûatemala-Stêd hat sadwaande it hiele jier troch frijwat myld, hast maaitydseftich waar. Yn de drûge tiid kin it dêr waarm wurde, mar de hjitte fan op seenivo lizzende stêden yn de tropen wurdt net helle. De reintiid duorret fan maaie oant oktober. It waar is dêr fierders faak rûzich.

De trochsneed jiertemperatuer is oerdei 19-22 °C en yn de nacht sa'n 14 °C.

De fulkanen Agua, Fuego en Acatenango

It gebiet dêr't de stêd leit hat geregeldwei te krijen mei ierdskoddings. De slimsten wienen dy fan 1917/18 en 1976. Dy lêste feroarsake in soad skea en slachtoffers. Ut de stêd wei kinne fjouwer fulkanen sjoen wurde, sa as de yn it suden lizzende aktive fulkaan Pacaya. By grutte útberstingen kin it fleanferkear bot behindere wurde. Yn 2007 en yn 2010 ûntstiene middenyn de stêd enoarme djippe gatten, dy't in wol weihienen fan saneamde sinkgatten. Fierders komme moddersteamen en lânferskowingen foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: