Göppingen (Landkreis)
Lânkring Göppingen | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 261.857 (2022) | |
Oerflak | 642,32 km² | |
Befolkingsticht. | 408 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Stuttgart | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Locher Straße 6 73033 Göppingen | |
Koördinaten | 48° 42' N 9° 38' E | |
Oprjochting | 1938 | |
Yndieling | 38 gemeenten | |
Kenteken | GP | |
Kreiskaai | 08 1 17 | |
Webside | landkreis-goeppingen.de |
Göppingen is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte. it bestjoer fan 'e lânkring hat syn sit yn 'e Große Kreisstadt Göppingen.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Eislingen an der Fils, Geislingen an der Steige en Göppingen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Eislingen-Ottenbach-Salach mei de sit yn Eislingen/Fils; oansletten gemeenten: de stêd Eislingen/Fils en de gemeenten Ottenbach en Salach.
- GVV Oberes Filstal mei de sit yn Wiesensteig; oansletten gemeenten: de stêd Wiesensteig en de gemeenten Drackenstein, Gruibingen, Hohenstadt en Mühlhausen im Täle.
- GVV Östlicher Schurwald mei de sit yn Rechberghausen; oansletten gemeenten: Adelberg, Birenbach, Börtlingen en Rechberghausen.
- GVV Raum Bad Boll mei de sit yn Bad Boll; oansletten gemeenten: Aichelberg, Bad Boll, Dürnau, Gammelshausen, Hattenhofen en Zell unter Aichelberg.
- GVV Mittleres Fils-Lautertal mei de sit yn Donzdorf; oansletten gemeenten: de stêden Donzdorf, Lauterstein en Süßen en de gemeente Gingen an der Fils.
- GVV Voralb mei de sit yn Heiningen; oansletten gemeenten: Eschenbach en Heiningen.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG fan 'e gemeente Deggingen mei de gemeente Bad Ditzenbach.
- VVG fan 'e stêd Ebersbach an der Fils mei de gemeente Schlierbach.
- VVG fan 'e stêd Geislingen an der Steige mei de gemeenten Bad Überkingen en Kuchen.
- VVG fan 'e stêd Göppingen mei de gemeenten Schlat, Wäschenbeuren en Wangen.
- VVG fan 'e stêd Uhingen mei de gemeente Albershausen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Göppingen, ferzje 27 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |