Grytmanshûs
It Grytmanshûs of Schwarzenbergshûs is in grut hûs (en ryksmonumint), mooglik oarspronklik in stins, yn de Bollemansstege nr. 64, op de hoeke mei de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert.
Grytmannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hûs waard yn de 15e-16e iuw mooglik Eminga's stienhûs neamd. It waard yn fazes boud, nei alle gedachten fan 1500 ôf. It Grytmanshûs, rjocht foar it Histoarysk Sintrum Ljouwert oer, yn de Grutte Tsjerkestrjitte op de hoeke mei de Bollemanssteech is in foarbyld fan de residinsjes fan de gewestlike elites dy't yn de santjinde en achttjinde iuw de toutsjes yn hannen hiene. De funksje fan grytman wurdt wol ris fergelike mei it hjoeddeiske boargemastersamt. By de ynfiering fan de Gemeentewet yn 1851 waard yn Fryslân de grytman as haad fan it bestjoer oer in gritenij/gemeente ferfongen troch de boargemaster. Dat is dan ek wol hast de ienige oerienkomst fan beide funksjes.
Troch harren grutte rykdom en it feit dat se lange tiid net ferplichte wienen (kontinu) yn de gritenij te wenjen dêr't se oer hearsken, hienen in soad grytslju stêdsfilla’s bouwe litten dêr't se har benammen winterdeis komfortabel en mids alle gemakken yn it sosjale libben stoarten.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As earste bewenner fan it pân wurd "Doethe Aysgama" ofwol Doede Aasgema neamd. Yn 1692 kaam it hûs yn besit fan de buorman, de eigener en bewenner fan de Holdingastins, Georg Frederick baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Dy moat it ien en oar oan skulden hân hawwe, want syn 'gesamentlycke crediteuren' ferkochten it pân yn 1697 oan Hans Willem baron fan Aylva (dizze namme wurdt útsprutsen as Aaluwe, dus gjin famylje fan de Spaanske Hartoch fan Alva). Yn de keapakte waard it hûs omskreaun as 'seeckere huysinge cum annexis bestaende in twee beneden camers, keuckens, voorhuis, back etc staende in de Grote Kerckstraet'. Dizze baron fan Aylva wie destiids in ferneamd man. As kapitein op it skip "Groot Frisia" makke hy de tocht nei Chatham ûnder admiraal Michiel Adriaans de Ruyter. Troch dy syn ferrjochtingen yn it leger fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen krige hy de bynamme 'den Ontzaggelijken Generaal'. Oant 1737 bleauwn de Aylva's eigener fan it hûs. Doe kaam it wer yn hannen fan de famylje fan de eardere eigener, nl. Michael Onuphrius baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg foar in bedrach fan 4.317 goudgûnen en sân stuorren. Dizze baron dy't grytman wie fan Dantumadiel, kaam troch de keap yn besit fan in tal gearstalde pânen. Wol pânen mei in soad fertrekken, mar sûnder de winske útstrieling. It liket der dêrom op dat der nei 1737 in grutte ferbouwing wie, mooglik ûnder arsjitekt Anthonius Coulon (± 1682-1753), 'bouwmeester van Syn Hoogheit' (de Prins fan Oranje, steedhâlder fan Fryslân) en learling fan Daniël Marot. De yn Marot-styl útfierde dakkapellen, dy't noch altiten op it dak steane, wize dêrop. De gebouwen oan de Bollemanssteech en it neistlizzende hûs oan de Grutte Tsjerkestrjitte waarden gearfoege ta in mânsk L-foarmich gebou fan twa boulagen op heechlizzende kelders. Yn de njoggentjinde iuw waard it hûs oan de moade fan dy tiid oanpast. De gevels waarden beplastere, de yngongspartij modernisearre en de achttjinde-iuwske roedeferdieling yn de kesinen ferfongen troch empirefinsters. De haadfoarm bleau lykwols ûnferoare.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hûs, dat doe bekend stie as 'Schwartzenbergshûs', bleau dêrnei hast 120 jier yn dy famylje.
Yn 1855 kocht jonkhear Tjaard Anne Marius van Andringa de Kempenaer it pân foar 'veertienduizend vaderlandsche' gûnen. Hy hie meidien oan de tsiendeiske fjildtocht yn 1831, wie grytman fan it Bilt, lid fan de Provinsjale Steaten, lid fan de Earste Keamer en wie, net te ferjitten, mei in skatrike frou troud. Doe't hy yn 1870 stoar, bleau syn widdo Amelia Gerardina de Schepper yn it hûs wenjen oant har ferstjerren yn 1906. It echtpear Van Andringa de Kempenaar hie rije soannen en seis dochters. Jonkfrou Adriana Wilhelmina van Andringa de Kempenaer, ien fan de dochters, waard op 26 desimber 1858 yn it hûs berne. Hja hat har persoanlike oantinkens letter wiidweidich opskreaun. Oer har bertehûs skreau hja ûnder mear: 'Het huis waarin ik woonde en geboren was, behoorde tot eene der grootste en ouderwetste van Leeuwarden en er grensde een ruim koetshuis met stalling aan, die door een gang met het voorhuis verbonden waren'.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1906 waard it hûs bestimd ta belestingkantoar en doe't de belestingstsjinst ferhuze is it lange tiid brûkt troch antykhannel Beuneker. Yn 1990 waard it pân oankocht troch de Stichting It Grytmanshûs. Nei in eardere restauraasje yn 1974 folge in nije opknapbeurt. It eksterieur ûndergie in metamorfoaze troch it oanbringen fan in okerkleurige ôfdeklaach op de gevels oan de Grutte Tsjerkestrjitte en de Bollemanssteech. Binnenyn waarden de monumintale fertrekken wersteld en yn "passende" kleuren skildere. It waard wyt en griis ynstee fan de yn de 18e iuw yn swang wêzende oker/giele tinten.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doethe Aysgama
- 1692 - 1697 Georg Frederick baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
- 1697 - 1737 Hans Willem baron fan Aylva
- 1737 - 1758 Michael Onuphrius baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
- 1758 - ? Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
- - 1855 Famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
- 1855 - 1870 Tjaard Anne Marius van Andringa de Kempenaer
- 1870 - 1906 Amelia Gerardina de Schepper, widdo Van Andringa de Kempenaer Gemeente Louwert
- - 1990 Famylje Beuneker
- Sûnt 1990 Stifting It Grytmanshûs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|