Oerlis:Grytmanshûs
Appearance
De funksje fan grytman wurdt wol ris fergelike mei it hjoeddeiske boargemastersamt. By de ynfiering fan de Gemeentewet yn 1851 waard yn Fryslân de grytman as haad fan it bestjoer oer in gritenij/gemeente ferfongen troch de boargemaster. Dat is dan ek wol hast de ienige oerienkomst fan beide funksjes. Moai, mar soe dizze ynfo net better op syn plak wêze by it lemma grytman, gritenij as gemeente? Drewes 1 des 2011, 18.17 (CET)
- Ja wis al, mar as ferwizing nei de namme fan it hûs kin it hjir ek. 'k Soe tinke én ...én--Swarte Kees 1 des 2011, 18.26 (CET)
- Moat in boargemaster skipperje tusken in soad utersten fan winsken en easken fan syn amtnerkorps en kompromissen slute tusken de feroarjende ynsichten fan gemeenteriedsleden, de grytman wie gewoan de baas yn de gritenij. Net allinnich op bestjoerlik mêd, mar ieuwenlang ek op it mêd fan rjochtspraak en lytse kriminaliteit. Hy hie it tafersjoch oer in nedergerjocht yn syn gritenij en hie sels rjocht op in persintaazje fan de opleine boetes. In tige lukrative funksje, dy't troch party grytmanen noch ris ekstra útmolken waard. Uteraard hienen se dêr harren striemamnnen foar en sels it útfieren fan it amt lieten se faak oan oaren oer. De sekretaris fan de gritenij wie faak de feitlike bestjoerder. Dy waard der allyksa meast knap ryk fan. Troch harren grutte rykdom en it feit dat se lange tiid net ferplichte wienen (kontinu) yn de gritenij te wenjen dêr't se oer hearsken, hienen in soad grytslju stêdsfilla’s bouwe litten dêr't se har benammen winterdeis komfortabel en mids alle gemakken yn it sosjale libben stoarten.
Nee, dit giet net oer it gebou, mar oer it amt fan grytman en boargemaster. Drewes 1 des 2011, 19.17 (CET)