Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerke (Ternaard)

Ut Wikipedy
Grutte Tsjerke fan Ternaard anno 2010

De Grutte Tsjerke fan Ternaard is in monumintale goatyske tsjerke yn Ternaard.

De letgoatyske tsjerke waard boud yn of omtrint 1540. It skip hat njoggen traveeën, dêr't de steunbearen fan yn 1792 fernije waarden. De toer waard yn 1871 boud yn neoklassistyske styl as ferfanging fan de âlde sealtektoer.

It ynterieur fan de tsjerke komt foar in diel út de 17e iuw. De preekstoel en de hearebank foar de famylje Aylva binne út dy perioade. De famylje Aylva hie twa stinzen by Ternaard, de Aylvastate en de Herweystate. Yn de tsjerke lizze de grêfsarken mei renêssânseornaminten foar de yn 1627 ferstoarne grytman fan West- en Eastdongeradiel en deputearre fan Fryslân Ernst Douwes fan Aylva en syn yn 1596 ferstoarne frou Ydt fan Herema. Dy bewennen de Herweystate. De famyljewapens fan dizze earder ynfloedrike famylje yn Ternaard lizze op de galerij yn de tsjerke. It oargel út 1864 is makke troch L. van Dam en Soannen.

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  • Stenvert, Ronald (et al.) (2000) Monumenten in Nederland. Fryslân, útjouwerij Wanders, Swol [1]