Springe nei ynhâld

Ripemastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grutte Tioegen)
Pleats op it steed fan Ripemastate (2010)

Ripemastate (ek: de Grutte Tioegen) wie in eigenierde state yn de Tsjoegen ûnder Ie, gemeente Dongeradiel, flakby it Dokkumer Djip. It op stateterrein stiet no in pleats.

Oer it ûntstean is neat bekend. De eigenierde state 'Ripema yn de Tioegen' waard ek wol de 'Grutte Tioegen' neamd. Yn 1491 sluet ek 'Jarick in da Tyoghum' mei oare bewenners fan Ie him oan by it bûn mei Grins. Oft hy op Ripema of op ien fan de beide oare sates yn 'Tyoegema hemryck' (1543) wenne, is net bekend. Yn 1543 wie sprake fan Gercke Ryppama zaete in die Tyoeghen. Yn 1640 wie Gercke syn pakesizzer Lieuwe Rypema eigener en brûker. Hy troude yn 1632 mei Anna Elama tho Allersma. Yn it earstoan wennen se op har âldershûs Allersmaboarch yn Ezinge. Al yn 1633 wie Lieuwe Rypema fanwege de Elama's grytman fan Ezinge. Letter setten se har nei wenjen op Rypemastate, dêr't Lieuwe ek bysitter yn Ie wie. Lieuwe syn neiteam, wêrfan't in part har Elama fan Rypema neamen gie, hie guod, rjochten en sibskippen yn Fryslân én yn de Ommelannen.

Om Ripemastate lei yn 1677 in grêft mei in poarte. Neffens in beskriuwing kochten Regnerus, Enne en Bouwe fan Ripema doe fan Doytse Jansen en Hylck van Ripema, tagelyk bewenners, een sate lands in de Tioegen met de huisinge, hovinge, zingel, gragt, poort en homeije. By de sate waarden ek noch 2 pûnsmiet pastorijlân en ien pûnsmiet tsjerkelân brûkt. Ut dy beskriuwing liket it oft se mei-inoar in hiele pleats kochten, mar dat wie net sa. Hylck fan Ripema wie in suster fan de trije keapers. De sate kaam út de neilittenskip fan harren âlden en wie noch mienskiplik eigendom. Winliken kochten se op dat stuit it 1/6 diel dat eigendom wie fan harren suster, dy't mei har man en twa soannen nei de stêd Grins ôfsette.
Hiele 17e iuw is de pleats besit fan it laach Rijpma. 'De Tioegen' tsjut op de ouwer, yn dit gefal fan it Dokkumerdjip, dêr't it goed fan dy namme no noch leit.

Yn 1832 bestie neffens de kadastrale minút noch in diel fan de súdkant fan de grêft.

  • 1491 Jarick in da Tyoghum
  • 1543 Gercke Ryppama
  • 1640 Lieuwe Rypema
  • oant 1677 bern/erfgenamten fan Lieuwe Rypema
  • 1677 Regnerus, Enne en Bouwe fan Ripema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Genealogie van Gerrijt van Belcum, J. Leemburg
  • De Ripama’s, een Fries-Groningse familie, Genealogysk Jierboekje 1991