Springe nei ynhâld

Allersmaboarch

Ut Wikipedy

De Allersmaborg is in boarch yn de buorskip Allersma noardeastlik fan Ezinge yn de provinsje Grinslân.

De Allersmaboarch (2009)

De Allersmaboarch stammet út de 15e iuw; it gebou hat in greft en houtsingels rûnom. It hûs hat trije fleugels. De súdfleugel is it âldste part fan de boarch en hat in kelder. De noardfleugel is út de 16e iuw, wylst de eastfleugel út 1720 stamt; op de lêste is yn 1817 in twadde ferdjipping makke. De boarch hat fierders in doweflecht út de 18e iuw.

De boarch waard oant 2004 bewenne. De eigner fan no, Stichting Grinzer Boargen, hat de boarch yn behear jûn fan de Ryksuniversiteit Grins (RuG). Dy is fan doel om de boarch op te knappen en der in moetingssintrum foar âld-studinten fan te meitsjen. Dêr is 1,2 miljoen euro foar noadich, ein 2005 wie der al in heal miljoen oan donaasjes fan âld-studinten ynkaam.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]