Grutte Merk (Swol)

Ut Wikipedy
Grutte Merk
Grote Markt
Boppe-oansicht fan de Grutte Merk
Boppe-oansicht fan de Grutte Merk
Grutte Merk (Swol-Binnenstêd)
Grutte Merk

De Grutte Merk (Nederlânsk: Grote Markt) is it sintrale plein yn it âlde sintrum fan de Oeriselske haadstêd Swol.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plein is ien fa de âldste parten fan de stêd en leit op it plak dêr't eartiids in oerstekplak oer it rivierke de Grote Aa wie. Yn de fjirtjinde iuw waard dy rivier tichtsmiten en waard der om dat plak hinne boud dêr't de hjoeddeistige foarm troch ûntstie.

Iuwenlang waarden der fonnissen op it plein útfierd. By de haadwacht fan de Grutte of Sint-Michaelstsjerke stien in skandpeal. Misdiedigers waarden dêr ûnder oaren mei de swipe slein en brânmerke. De deastraf waard útfierd troch middel fan rêdbraken, ûnthalzgjen of ophingjen. Dat barde foar de lêste kear yn 1837 doe't Albert Wetterman ferhongen waard foar de moard op syn frou.

Oant yn de njoggentjinde iuw waarden der sneins nei tsjerketiid foar de haadwacht de saneamde tsjerkespraken holden. Dêr waard yn buorkundich makke hokker keapen en pachten dy wyks wêze soene.

Yn 1840 ferhûze de molkhannel fan de Melkmarkt (Molkemerk) nei de Grutte Merk. Dy merke duorre oant 1909.

Yn 1929 waard der in rotonde op it plein oanlein om it oanboazjende ferkear yn goede banen te lieden. Dy rotonde is ûnderwilens al wer fuorthelle en it plein is hjoed-de-dei autofrij, mei útsûndering fan taksys en foar itbefoarriedzjen fan de winkels.

Strjitten en gebouwen oan it plein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omreden syn sintrale lizzing, komme der in soad strjitten út op it plein dêr't de bekendste faaks de Diezerstrjitte (Diezerstraat) fan is. De Korte Ademhalingssteeg ferbynt it plein mei it Grutte Tsjerkeplein (Grote Kerkplein). Oan it plein steane in soad âlde gebouwen, wêrûnder de Grutte of Sint-Michaelstsjerke. De gebouwen oan de Grutte Merk hawwe oarspronklik ek saneamde hûsnammen. By guon gebouwen is dy hûsnamme fannis opmakke en te sjen op de gevelmuorre. Der waard yn 2006 ûndersyk dien nei de hûsnammen. Net fan alle pannen wie doe in namme bekend.[1]

Yn it midden fan it plein stiet in glêzen byld fan aartsingel Michael dy't de beskermhillige fan de stêd Swol is.

Hûsnammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nûmer Hûsnamme Fryske oersetting Namme op it pân (2006)
3 De Drie Kalanders (oarspronklik: De Drie Camelotten) De Trije kalinders ja
4 In de Zon Yn de Sinne ja
5 Koning David Kening David ja
6 Het Rad van Avontuur It Rêd fan Aventoer nee
7 De Blauwe Druif De Blauwe Drúf nee
8 De Goude Arend (oarspronklik:De Clarenborch) De Gouden Earn nee
9 De Blanckensteyn nee
10 In 't Rode Hert Yn it Reade Hart ja
11 east De Gouden Ster De Gouden Stjer nee
11 west De Kronenborg De Kroaneboarch nee
11 Het Nieuwe Heerenlogement
(nei gearfoeging east- en westlik part)
It Nije Heare-út-fan-hûzersplak nee
12 De Zilveren Helm De Sulveren Helm nee
13 De Witte Wan nee
13A Stadscafé Blij ja
14 De Drie Flesjes De Trije Fleskes ja
15 Het Hondje It Hûntsje ja

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zwols Historisch Tijdschrift, Special, Een plaats van vele herinneringen: De Grote Markt. 23e jiergong, 2006, nummer 2
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grutte Merk (Swol) fan Wikimedia Commons.