Diezerstrjitte (Swol)

Ut Wikipedy
Diezerstrjitte
Diezerstraat
De Diezerstrjitte (2007)
De Diezerstrjitte (2007)
Diezerstrjitte (Swol-Binnenstêd)
Diezerstrjitte

De Diezerstrjitte (Nederlânsk: Diezerstraat of Diezerpromenade, Swolsk: Diesstraote, útsprutsen mei "ii", ferâldere[1]) is in strjitte yn de âlde binnenstêd fan de Oeriselske haadstêd Swol. De strjitte rint fan de Grutte Merk nei de eardere stedsmuorre dêr't oant 1829 de Diezerpoarte stie. De strjitte is de wichtichste winkelstrjitte fan de stêd.

De strjitte waard boud op in deksânrêch en dêr binne spoaren weromfûn út de Karolingyske tiid[2]. De strjitte hie fan 1892 oant 1919 in hynstetram.

Histoaryske gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ryksmonumint De Witte Leeuw

Oan de Diezerstrjitte binne ferskate pannen fan histoaryske wearde. Ryksmonumint De Witte Leeuw op nûmer 58 waard yn 1666 boud foar bierbrouwer Albert Brouwer. It gebou wie goed twa iuwen lang in bierbrouwerij en oant 1873 in likeurstokerij. Dat is noch hieltyd werom te finen oan de bylden bierfetten oan wjerskanten fan it dakkapel[3]. Yn de earste helte fan de tweintichste iuw wie it pân in klean- en huoddesaak. Hjoed-de-dei is der yn it gebou in fêstiging fan in parfumkeatling yn fêstige.

Ryksmonumint Het Witte Kruis, nûmer 93 en 93a) út de njoggentjinde iuw is fan histoaryske wearde troch syn listgevel en benammen de ûnderkant. Dy waarden yn 1904 yn Jugendstil boud. Yn it midden fan de ûnderkant fan de gevel is in ôfbyld fan Asklepios oanbrocht, yn de Grykske mytology in god fan de genêskunde en genêzen[4]. Oan de úteinen binne twa bylden fan froulju yn hurdstien oanbrocht. Hjoed-de-dei is er in kleanwinkel yn it pân fêstige.


Diezerstrjitte yn 1933

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Minke Kraijer, Henk Mulder, Dick Visscher en Philomène Bloemhoff-de Bruijn (red.) (2009), Op zien Zwols: Woordenboek van de Zwolse taal, Kampen: IJsselacademie
  2. Jan ten Hove, Geschiedenis van Zwolle, side 39, ISBN 9040090505
  3. Ynformaasjeboerd oan it pân
  4. Overbeek, M. (2006). Krullen in Zwolle. Zwols Architectuur Podium