Springe nei ynhâld

Grutskipper

Ut Wikipedy
Hollânske fluitskippen yn de 17e iuw
(Wenzel Hollar, 1647)

Grutschipper is in skipper of gesachfierder op in seeskip dy't lid wie fan it Grut Skûtfierdersgilde. Dizze skippers farden benammen nei de lannen om de Eastsee hinne, mar ek nei Ingelân, Frankryk en fierder nei it suden, almeast foar keaplju út oare plakken. Der waard mei frijwat lytse bemanning op relatyf grutte skippen (oer it generaal fluiten) syld. Sokke dwerstúgde trijemêsters koene tusken de hûndert en twahûndert lêst (ofwol tusken de twahûndert en fjouwerhûndert ton) lade en telde tusken de tsien oant op 'en heechsten achttjin opfarrenden. De skipper socht der stjoerlju, heechboatslju, timmerlju, skipskoks, boatsgesellen en matroazen by. Grutskippers fertsjinnen aardich oant goed en hearden ta de hegere lagen fan de mienskip. Hiel wat skippers sieten yn de froedskip, meast nei't hja ophâlden wiene mei farren.