Grut-Ayngastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Grut-Ayngastate of Anye goed is in eardere state dy't noardwestlik fan de tsjerke fan Jislum yn de gemeente Ferwerderadiel lei. Der is neat fan de state werom te finen.

Yn 1465 makke Romko Aynga syn testamint. Hy liet dêrby twa lângoeden en in stins (castrum unum et castristadium cum redditibus) nei. De stins is net te lokalisearjen; de beide goederen leinen yn Jislum. Foar it gemak oan te tsjutten as "Grut"- en "Lyts-" Aynga. Syn eigen goed Anye-goed (allodium Anye gued) ofwol Grut-Aynga liet hy nei oan Gayko Aynga, de soan fan syn broer. Op grûn fan de eigendomsferhâldingen sil dit nei alle gedachten sate FC1 wêze. It sil dan fia Kinsck Aynge, troud mei Kempo Itsma, harren dochter Tiets Itsma, troud mei Gabbo Scheltema, en de familys Scheltema en Aylva fererve wêze op Ulbe en Sioerd fan Aylva, de eigeners yn 1640. Yn 1543 waard it goed as Angia saete te Jeslum, takommende de erfgenamten fan Gabbe Scheltema neamd.

Yn 1698, 1700 en 1728 wie it goed, soe 80 pûnsmiet (sa'n 30 hektare) grut, eigendom fan Jeepke fan Douma, frou fan de ûntfanger jonker Sjuck fan Burmania en yn gebrûk by Sytse Wybes.

Bewenners
  • 1465 Romko Aynga
  • Gayko Aynga
  • Kinsck Aynge, troud mei Kempo Itsma
  • Tiets Itsma, troud mei Gabbo Scheltema
  • 1543 erfgenamten fan Gabbe Scheltema
  • family Scheltema
  • family Aylva
  • 1640 Ulbe en Sioerd fan Aylva

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: