Grifformearde tsjerke (Haulerwyk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Oerdracht
Grifformearde tsjerke (Haulerwyk).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf wapen.svg Eaststellingwerf
plak Haulerwijk wapen.svg Haulerwyk
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1930
arsjitekt F. Offringa
monumintale status gemeentlik monumint
oare ynformaasje
webside Protestanske gemeente Haulerwyk-Waskemar

De Oerdracht is de eardere grifformearde tsjerke fan Haulerwyk. Tsjintwurdich is it ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Haulerwyk-Waskemar.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ôfskieding fan 1834 ûntstie der ek in ôfskieden gemeente yn Haulerwyk. De gemeente kaam ynearsten by inoar by Auke Rienks de Boer, dy't yn it doedestiidske Beneden-Haulerwyk (tsjintwurdich Waskemar) wenne. Op 15 april 1838 waard de gemeente ynstitúsjonearre troch dûmny Hendrik de Cock. Foar de bou fan it earste tsjerkje stelde Auke Rienks de Boer in stik grûn njonken syn hûs beskikber. Ynearsten foarmde de gemeente ien gehiel mei Donkerbroek, mar yn 1873 ûntstie dêr in selsstannige gemeente. It ledetal fan de gemeente naam ta en yn 1876 kaam der in nije tsjerke op in nij plak oan de Haadwei Boppe. It tsjerkje yn Waskemar is doe ôfbrutsen.

Gevelstien

Nei ferrin fan tiid waard ek dy tsjerke te lyts en ferfongen troch de krústsjerke fan 1929-1930. It âlde tsjerkegebou is doe noch in skoft brûkt as ferieningsgebou en leslokaal en waard yn 1963 lang om let ôfbrutsen. Achter de tsjerke is doe it nije ferieningsgebou Pro Rege boud, dat yn 1996 wer is ferfongen troch nijbou.

Sûnt 1 maaie 2004 foarmet de grifformearde gemeente mei de herfoarme gemeente de protestanske gemeente Haulerwyk-Waskemar.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke datearret fan 1990. It ynstrumint is boud troch it Grinslânske oargelbedriuw Mense Ruiter en waard op 8 desimber 1989 yn gebrûk nommen. It front fan it âlde oargel út 1922 bleau by de nijbou fan Mense Ruiter bewarre. By de bou fan it nije oargel makke Mense Ruiter gebrûk fan piipwurk en in tal registers fan it âlde Standaart-oargel.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens