Grifformearde tsjerke (Lytsegast)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grifformearde Tsjerke
Lytsegast (Grinslân), grifformearde tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Lytsegast
adres Abel Tasmanweg 9
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1921-1922
arsjitekt J. de Haan
webside Side fan de gemeente

De Grifformearde Tsjerke yn Lytsegast is de eardere grifformearde en tsjintwurdige tsjerke fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Skiednis gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In selsstannige grifformearde gemeente yn Lytsegast waard op 24 novimber 1893 stifte. Foar dy tiid hearden de fan de herfoarme tsjerke ôfskieden ynwenners fan Lytsegast tsjerklik by Gruttegast. Yn 1860 telde Lytsegast noch mar seis grifformearde hûshâldings, mar yn de jierren 1890 waakste it tal grifformearden hurd oan. As earste tsjerke tsjinne it evangelisaasjegebouke út 1866, dat fanwegen de oanwaaks yn 1886 fergrutte wurde moast.[1]

Skiednis tsjerkegebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grifformearde gemeente fan Lytsegast nei de doleânsje groeide hurd: yn 1895 telde de gemeente al 370 leden en doe't yn 1916 dûmny Tonkens útstelde jild yn te sammeljen om de tsjerke te ferfangen troch in nije tsjerke wie it ledetal al tanommen oant 532. De Earste Wrâldkriich kearden de plannen op, mar dêrnei namen tsjerkeried en gemeente yn it gearkomste it beslút om it plan mei faasje út te fieren. De tsjerke waard troch de Twizelere oannimmers Gj. van der Wal en R. Hollema boud en ein 1922 waard de nijbou feestlik iepene. De gemeente fan Lytsegast bestie doe al út 620 leden.

Oarspronklik hie de tsjerke op de krusing fan de dakken in lyts tuorke, dat fanwegen lekkaazje letter ferwidere is. Ta oantinken fan de bou waard yn 1921 in gevelstien yn de muorre oanbrocht mei de wurden fan Psalm 100:3: Gaat tot Zijn poorten in met lof, met lofzang in Zijn heilig hof; looft Hem aldaar met hart en stem. Prijst Zijnen naam, verheerlijkt Hem.[2]

De tsjerke waard yn 2013 renovearre. De âlde banken binne doe ferwidere en der kaam in nije flier mei flierferwaarming yn. Ynstee fan de banken steane der no stuollen.[3]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de tsjerke waard troch de oargelmakkerij Fama en Raadgever út Utert boud en op 27 maaie 1983 yn gebrûk nommen.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: