Springe nei ynhâld

Grifformeard-frijmakke tsjerke (Enumatil)

Ut Wikipedy
Grifformeard-frijmakke tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Enumatil
adres Dorpsstraat 20
koördinaten 53° 12' N 6° 24' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde Tsjerken frijmakke
Arsjitektuer
boujier 1924
Webside
GKV Enumatil
Kaart
Grifformeard-frijmakke tsjerke (Grinslân)
Grifformeard-frijmakke tsjerke

De Grifformeard-frijmakke tsjerke is in tsjerkegebou oan 'e Doarpsstrjitte yn Enumatil yn 'e provinsje Grinslân.

Protestantsk Enumatil wie sûnt 1651 tsjerklik by Lettelbert en foar in lytser diel by Súdhorn yndield. Sûnt de 18e iuw waarden yn 'e skoalle fan Enumatil tsjerketsjinsten holden, want in tsjerkegebou hie Enumatil noch net. Yn 1848 waard de tsjintwurdich as dûbele wente ferboude herfoarme tsjerke yn gebrûk nommen. Yn 'e dakruter fan 'e tsjerke hong sûnt 1865 de klok fan Lettelbert, dy't yn 1651 getten wie.

Gevelstien.

Yn 1839 ûnstie de ôfskieden gemeente fan Enumatil. De lytse ôfskieden gemeente fan Enumatil naam yn 1846 it beslút om mei de ôfskieden leden fan Súdhorn en Lettelbert in eigen tsjerke te bouwen. Nei't kening Willem II tsjin it sin fan 'e boargemaster tastimming joech, waard útein set mei de bou, dy't op 7 maart 1847 mei it yn gebrûk nimmen ôfsletten waard. De ôfskieding sloech yn Enumatil-Lettelbert tige oan en 23% fan de befolking hie him healwei de 19e iuw al by de grifformearde tsjerken oansletten, tsjin 5,8% yn de provinsje Grinslân. Fan 'e ynearsten 17 leden naam it ledetal fan 'e gemeente yn 'e rin fan 'e 19e iuw noch foar de doleânsje ta oant 650.

Yn oktober 1944 naam de tsjerkeried ienriedich it beslút om it ferbân mei de Grifformearde tsjerke te ferbrekken fanwegen de twang dy't de synoade de tsjerke oangeande de lear oer de doop fan bern oplei en de ôfsetting fan de grifformearde heechleararen Greydanus en Schilder, om't hja de teologyske opfettings fan 'e synoade net ûnderskreaune. It grutste diel fan 'e gemeente gyng mei de tsjerkeried mei, wylst in lyts diel in eigen gemeente yn synodaal ferbân stifte. Sûnt dy tiid hie Enumatil twa grifformearde tsjerken: in frijmakke gemeente en in synodale tsjerke. Nei de skuorring hold de frijmakke it gebou en it besit fan 'e gemeente, wylst de grifformearden yn synodaal ferbân nei in oar tsjerkegebou omsjen moasten. Oant de nijbou yn 'e jierren 1950 bea it herfoarme tsjerkegebou in alternatyf foar de synodalen. Noch flak foar't de synodalen harren nijbou yn 1955 oan it Hoendjip krigen, soene in 150-tal frijmakke leden harren mei de dûmny losskuorre fan 'e frijmakke tsjerke om harren oan te sluten by de synodaal-grifformearde gemeente.

Yn 'e jierren 1920 waard besletten ta in grutte ferbou fan 'e grifformearde tsjerke, dy't yn 1924 foltôge waard. Ut dy tiid datearret it oansjen fan it hjoeddeiske gebou.

It twamanualige oargel boppe de preekstoel waard yn 1980 boud troch de firma Koch. Yn 1999 renovearre Mense Ruiter it oargel. By de gelegenheid waard in nije prestant 8 vt tafoege. De âlde prestant 8 vt ferhûze nei it pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: