Griene dwerchein

Ut Wikipedy
Griene dwerchein

Jerk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai dwercheinen (Nettapus)
soarte
Nettapus pulchellus
Gould, 1842
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     Ferspriedingsgebiet griene dwerchein

De griene dwerchein (Nettapus pulchellus) is in in lyts eintsje mei in goeseftige snaffel út 'e famylje einfûgels (Anatidae). De griene ein libbet op wetter yn Nij-Guineä en tropysk Austraalje.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griene dwerchein hat in lingte fan 30 oant 36 sm en de wjukken hawwe in spanwiidte fan likernôch 48 oant 60 sm. It trochsnit gewicht fan in jerk is 310 g en it trochsnit gewicht fan in wyfke 304 g.

Yllustraasje fan in pearke troch Elizabeth Gould.

It mantsje hat in donkergriene kop, nekke en boppedielen mei in grutte wite wangflek. De snaffel is leadgriis en hat in opfallende rôze punt. De wjukken binne grien en wyt, de búk is wyt, mei in swym fan griis. De griene dwerchein hat donkere, oliifgriene poaten en de eagen binne donkerbrún.

Wyfkes en mantsjes hawwe gjin grutte ferskillen en winterdeis binne dy mar hiel lyts. De wyfkes hawwe lykwols gjin griene hals en de opfallende kleur fan 'e snaffel mei in rôze punt. De krún is donker en it wyfke hat in brúneftige wynbraustreek. Meiïnoar is de boppe kant oant op eachhichte griisbrún.

De einepiken binne hiel lyts en hawwe in fearrekleed dat liket op dat fan 'e wyfkes, mar de kleuren binne minder skerp ôftekene.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e griene dwerchein leit yn it tropyske noarden fan Austraalje en it súdlike leechlân fan Nij Guineä. Dêrnjonken komt de ein ek op in pear eilannen yn it easten fan Yndoneezje foar. Fral op dy eilannen is de status net wis en der is gjin bewiis dat de fûgel dêr ek briedt.

Yn it tropyske noarden fan Austraalje hat de ein in grut ferspriedingsgebiet, mar nearne binne de dwercheinen yn grutte oantallen. Foar safier der in geskikt biotoop oanwêzich is, binne de griene dwercheinen net honkfêst. Ynfierde wetterbuffels en kij binne neidielich foar de dwercheinen, om 't dy de wetterbegroeiing beynfloedzje. It oantal griene dwercheinen wurdt op likernôch 10.000 yndividuën rûsd.

Gedrach en iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flecht fan 'e griene dwerchein.

De dwercheinen ite hast allinne plantaardich materiaal fan it wetteroerflak. As it wetter net te djip is kin de ein oant 30 sm dûke om oan planten te kommen. It grutste diel fan it iten bestiet lykwols út wetterleeljes en it sied dêrfan. Se sykje fral moarsier en by it lemieren harren iten. Oerdeis rêste de einen tusken it grien fan 'e driuwende wetterplanten.

De griene dwerchein is hast nea op lân te sjen. Ek in rêstend dwercheintsje bliuwt sûnder him te ferweegjen op it wetter driuwen. Hiel út en troch is er op in sânbank of op tûken, dy't boppe it wetter útstekke, te opstrewearjen. De dwerchein fleant meast leech oer it wetter.

Griene dwercheinen binne hast net yn dieretunen te sjen. Der binne al sûnt 1935 griene dwercheinen nei Europa helle, mar se aardzje hjir net goed. Sûnt 1972 wurde yn Australyske dieretunen dwercheinen holden, mar de fersoarging dêrfan is ek dêr dreech. Om 't de eksport yn Austraalje fan wylde bisten ferbean waard, binne yn 'e jierren 1990 út Nij-Guineä noch griene dwercheinen nei Europa helle, mar mear as de helte oerlibbe dat net. Ek slagge it net om neiteam te fokken.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it brieden is net in soad bekend en der binne mar in pear nêsten fûn. De briedtiid falt tegearre mei de reintiid. Der wurdt oannnommen dat se harren nêsten meastentiids yn beamholtes bouwe. In nêst bestiet út likernôch 10 aaien. Oannommen wurdt dat de pearkes lang by inoar bliuwe. Se komme bûten de briedtiid yn gruttere groepen foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Australische Zwergente