Gregoarius fan Tours

Gregoarius fan Tours (folút: Georgius Florentius Gregoarius, 30 novimber ±538 - 17 novimber 594) wie in Gallo-Romeinske biskop en skiedkundige.
Hy wie biskop fan Tours fan 573 oant likernôch 594. Gregoarius is foaral bekend wurden as de skriuwer fan 'e Decem Libri Historiae (tsien boeken oer de skiednis fan 'e Frankyske Merovingen) en harren keninkriken, begjinnend mei de skepping fan 'e wrâld (steunend op oare, âldere boarnen) oan it jier 592 ta. Gregoarius fan Tours hat ek noch in samling hilligenlibbens oanlein, nammentlik it Liber vitae patrum (Boek mei hilligenlibbens).
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gregoarius waard yn 537 berne yn Arverna, it hjoeddeiske Clermont-Ferrand, as soan fan in tige ynfloedrike famylje fan Gallo-Romeinske adel, dy't nei eigen sizzen ôfstamme fan 'e út de 2e iuwske Gallo-Romeinske senator Fettius Epagathus, tiidgenoat fan biskop Irenaeus fan Lyon. Oarspronklik wie syn namme Georgius Florentius, mar út earbied foar syn omke Gregoarius (biskop fan Langres) naam hy dy namme oan. Ferskate famyljeleden hienen earder al biskop west fan stêden as Lyon, Langres, Clermont en ek Tours. Gregoarius woe der op oan dat sawat alle biskoppen fan dy stêd mear of minder famylje fan him wienen. Syn broer Petrus wie diaken yn Langres en waard yn 572 fermoarde.
Rol as biskop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden dêr't se harren sit hienen. As aartsbiskop fan Tours hie Gregoarius in wichtige posysje yn it politike libben. Hy koe dan ek it tiidsbarren út eigen ûnderfining beskriuwe. It is wis dat Gregoarius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tsjerke fan Rome. Dat gou benammen foar alles dat heidensk wie of heidensk west hie. Ek foar it arianisme yn it Fisigoatyske keninkryk út dy tiid hied er gjin goed wurd oer. Oer de Joadske mienskip wie hy likemin posityf.
Decem libri historiae
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Syn 'tjien boeken skiednis' binne fierút de iennige beskikbere boarnen oer de skiednis fan de Frankyske riken nei de dea fan Klovis. As aartsbiskop fan Tours wie Gregoarius yn de posysje om politike ferwikkelings fan tichteby mei te meitsjen, om't er as aartsbiskop sels diel útmakke fan it politike bestjoer.
Ut de boeken komt er nei foaren as in aktyf man, dy't in soad út eigen ûnderfining opskreau. De Frankyske dielriken ut de 6e iuw, keninklike houliken, lokale polityk yn relaasje mei de oerheid, ferwikkelings yn oare dielen fan de riken en derbûten: alles waard troch him opskreaun. En as hy net genôch ynformaasje hie, dan makke by him de feitlike skiednis plak foar wûnderen, foartekens, geroften en oare net-kontrolearbere dingen, wat ek typysk wie foar dy tiid. Tsjin dy eftergrûn binne de 'decem libri historiae' noch altiten fan ûnskatbere wearde foar de skiedkundigen.
Syn stjerjier is net mei wissens bekend, mar moat om 594 hinne lein ha. Syn opfolger as biskop fan Tours, Pelagius, wurdt yn it jier 596 yn in brief fan paus Gregoarius de Grutte neamd. Syn oerlevere wurken binnen yn 592 foltôge.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gregorius van Tours, Historiën, Baarn, 1994.