Grand Hotel De Klanderij
Grand Hotel De Klanderij | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
adres | Suderplein | |
koördinaten | 53°11′54″ N 5°47′49.5″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | hotel-restaurant | |
boujier | 1891 | |
sloopjier | 1975 | |
oare ynformaasje | ||
tal ferdjippings | 3 | |
kaart | ||
Grand Hotel De Klanderij wie in hotel-restaurant dat foarhinne yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert oan it Suderplein stie, op 'e hoeke eastlik fan 'e Beursbrêge. It hotel waard yn 1891 set en wie tsientallen jierren lang in begryp foar lju fan bûten Fryslân dy't yn Ljouwert oernachtsje moasten. Teffens waarden der in protte brulloften holden en ek wol skaaktoernoaien.
Tsjin 'e 1970-er jierren foldie De Klanderij lykwols net mear. Yn 1973 waard bekend dat it hotel, dat foar it oansjen fan it Suderplein byldbepalend wie, sloopt wurde soe. Yn jannewaris fan dat jjier waard it gebou beset troch tritich leden fan 'e him tsjin 'e sloop oankantsjende aksjegroep Kloppend Hart, dêr't û.o. de lettere arsjitektuerkenner en keunsthistoarikus Peter Karstkarel diel fan útmakke. It die lykwols bliken dat hja net op folle stipe fan oare Ljouwerters hoegden te rekkenjen. Yn desimber 2022 fertelde Karstkarel yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante dat er yn dy tiid in petear mei arsjitekt Abe Bonnema oer it behâld fan De Klanderij hie: "Hy begriep neat fan ús. Bonnema fûn it in pân dat min boud wie en fûn sloop in goede saak."
De sloop fûn úteinlik yn 1975 plak. De Klanderij stie doe al lang en breed leech, mei't de hiele ynboel yn 't foar al by opbod ferkocht wie. Dêrby gie it om kokenapparatuer lykas it gasstel, mar ek om it biljert, it tafelsreau, de glês-yn-leadruten en mar leafst 1.500 flessen goede wyn. Foar Grand Hotel De Klanderij yn it plak kaam nei de sloop in kantoargebou dat ûntwurpen wie troch Abe Bonnema.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|