Graham Swift
Graham Swift | ||
skriuwer | ||
Graham Swift, iere jierren '80 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Graham Colin Swift | |
berne | 4 maaie 1949 | |
berteplak | Londen | |
wurk | ||
bekendste wurk(en) |
Shuttlecock, Waterland, Last Orders | |
prizen | Geoffrey Faber Memorial Prize, 1983, Booker Prize, 1996 James Tait Black Memorial Prize, 1996 Hawthornden Prize 2017 | |
jierren aktyf | 1980 - no | |
offisjele webside | ||
gjin |
Graham Colin Swift (Londen, 4 maaie 1949) is in bekend Britsk skriuwer. Hy is berne yn Londen, Ingelân en studearre oan it Dulwich College, Londen, Queens' College, Cambridge, en letter oan de Universiteit fan York. Hy wie in goede freon fan Ted Hughes[1].
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swift jildt op 't heden as ien fan de wichtige Britske skriuwers. Syn wurk is yn mear as tweintich talen oerset en hat in stikmannich prizen opsmiten. De romans Waterland (1983) en Last Orders (1996), hearre ta syn meast bekende wurk, beide binne ek ferfilme.
In sintraal tema yn Swifts' wurk is de funksje fan de herinnering, sawol yn it libben fan elts minske as fan it kollektyf en har ferhâlding ta de skiednis. Swifts persoanaazjes sitte faak yn de hjerst fan harren libben en besykje troch yngeand selsûndersyk werom te sjen, djip yn it ûnthâld te dollen en te bespegeljen, allerhande foarfallen (dy't faak yn earsten net folle om 'e hakken lykje te hawwen) te begripen en te hifkjen om dêrnei de balâns fan harren libben op te meitsjen.
Swift brûkt yn in protte fan syn wurk in a-gronologyske ferteltechnyk.
Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Sweet-Shop Owner (1980)
- Shuttlecock (1982), winner fan de Geoffrey Faber Memorial Prize yn 1983
- Waterland (1983), ferfilme
- Out of This World (1988)
- Ever After 1992)
- Last Orders (1996), winner fan de Booker Prize 1996, ferfilme
- The Light of Day (2003)
- Tomorrow (2007)
- Making an Elephant: Writing from Within (2009)
- Wish You Were Here (2011)
- Mothering Sunday (2016)
- Here We Are (2020)
Koart ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Learning to Swim (1982)
- Chemistry (2008)[2]
- England and Other Stories (2014)
- Blushes, yn The New Yorker. 11 jannewaris 2021.
- Fireworks yn The New Yorker. 17 jannewaris 2022.
Non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Making an Elephant: Writing from Within (2009)
Bewurkingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waterland waard yn 1992 bewurke ta in film mei deselde namme. De film waard regissearre troch Stephen Gyllenhaal en hie Ethan Hawke, Jeremy Irons en Sinéad Cusack yn de haadrollen.
Swift syn roman Mothering Sunday waard yn 2021 bewurke ta in film mei Olivia Colman en Colin Furth yn de haadrollen en Glenda Jackson.[3]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- David Malcolm: Understanding Graham Swift. - Columbia SC : University Press, 2003. - ISBN 1-57003-515-6
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 audio ynterview mei Graham Swift oer it tema fan 'The Light of Day', ûnder lieding fan John Mullan
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |