Grafhorst (Nederlân)
Grafhorst | ||
Grafhorst sjoen fanút it súdwesten (2012) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Kampen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.050 (2023) [1] | |
Oerflak | 1,57 km² dêrfan lân: 1,41 km² dêrfan wetter: 0,16 km² | |
Befolkingsticht. | 669 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N760 | |
Postkoade | 8277 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Grafhorst is in lyts stedsje yn de gemeente Kampen, yn de Nederlânske provinsje Oerisel. Grafhorst krige yn 1333 stedsrjochten. Yn 2023 hie it stêdsje sa'n 1.050 ynwenners.
Grafhorst leit tusken it Ganzendiep, in wetter dat in ferbining foarmet mei de rivier de Isel en it Swarte mar, en de Kamperzeedijk.
Oant 1 jannewaris 1937 wie Grafhorst in selsstannige gemeente. Dêrnei makke it diel út fan de gemeente IJsselmuiden. Doe't de gemeente IJsselmuiden op 1 jannewaris 2001 by de gemeente Kampen foege waard, gie ek Grafhorst diel útmeitsje fan Kampen.
Yn it Ganzendiep deun njonken Grafhorst is yn de Twadde Wrâldkriich in bommesmiter delsketten (troch in lânwacht út polder Mastenbroek wei). Ien persoan hat dit oerlibbe, de oare seis fleaners kamen om, en lizze begroeven op it begraafplak fan Grafhorst.
Tradisjoneel wurdt yn Grafhorst sûnt 1333 yn oktober de "biestemerk" (bistemerk) holden, in doarpsfeest anneks feemerk. It fee is ûnderwilens al jierren net mear te bekennen, mar it tradisjonele feest wurdt noch hieltyd fierd op de twadde tiisdei fan oktober, Grafhorsters en âld-Grafhorsters komme dan byinoar om iel en krintebôle te iten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Kampen | ||
---|---|---|
Stêden: Grafhorst • Kampen | ||
Doarpen: 's-Heerenbroek • IJsselmuiden • Reeve • Wilsum • Zalk | ||
Buorskippen: Bisschopswetering • De Heuvels • Hogeweg • Kampereiland • Kamperveen • Mastenbroek (foar in part) • Nieuwstad • Oosterholt • De Roskam • Veecaten • De Zande • Zuideinde (foar in part) | ||
Wetter: Drontermar (foar in part) • Ganzendiep • Goot • Isel • Ketelmar (foar in part) • Reevediep • Swarte mar (foar in part) • Vossemar (foar in part) | ||
· · |