Springe nei ynhâld

Grace Park (aktrise)

Ut Wikipedy
Grace Park
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Grace Park
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
berne 14 maart 1974
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Koreaansk
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
gjint

Grace Park (Los Angeles, 14 maart 1974) is in film- en tillefyzje-aktrise fan etnysk Koreaansk komôf, dy't sawol de Amerikaanske as de Kanadeeske nasjonaliteit hat. Hja begûn har karriêre mei in rol yn 'e Kanadeeske soapsearje Edgemont, mar briek troch mei har dûbelrol as Sharon 'Boomer' Valerii en Sharon 'Athena' Agathon yn 'e remake fan 'e science fiction-searje Battlestar Galactica. Op 't heden is Park te sjen as resjersjeur Kono Kalakaua yn 'e plysjesearje Hawaii Five-0.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Park waard yn 1974 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Doe't se 22 moanne âld wie, emigrearren har âlden mei har nei Kanada, dêr't Park grutbrocht waard yn 'e wyk Kerrisdale fan 'e stêd Vancouver. Hja slagge yn 1992 foar har middelbere-skoaleksamen oan 'e Magee Secondary School en studearre neitiid oan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia, dêr't hja in bachelorstitel yn psychology behelle.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har earste tillefyzjerol hie Park yn 1997 yn in ôflevering fan 'e searje The Outer Limits. Mei 25 jier waard se yn 1999 cast yn 'e rol fan Shannon Ng, in learlinge oan 'e middelbere skoalle yn 'e Kanadeeske soapsearje foar jongerein Edgemont. Yn dy rol krige hja yn Kanada lanlike bekendheid. Yn 2000 makke Park har filmdebút troch te figurearjen as Aziatyske dûnseresse yn 'e Amerikaanske fjochtsportfilm Romeo Must Die. Yn 2003 folge har ynternasjonale trochbraak doe't se de dûbelrol fan Sharon 'Boomer' Valerii en Sharon 'Athena' Agathon taparte krige yn 'e remake fan 'e science fiction-searje Battlestar Galactica. Ek yn ferskate ferfolchsearjes en -films en prequels fertolke se dyselde rollen.

Yn 2007 spile Park yn 'e film West 32nd, in misdiedrama tsjin it dekôr fan 'e Koreaanske wyk fan New York. Fan 2008 oant 2009 hie se in fêste rol yn 'e searje The Cleaner, en fan 2008 oant 2010 yn 'e searje The Border. Fierders wie se yn dy snuorje ek te sjen yn gastrollen yn searjes as Jake 2.0, Andromeda en CSI: Crime Scene Investigation. Yn dy lêste rige spile se in frou yn in minskemannichte op in science fiction-konvinsje, dy't protestearre tsjin it plan om in rouwe remake fan in Star Trek-eftige searje te meitsjen (in nei alle gedachten bewust iroanyske ferwizing nei de rouwe remake fan Battlestar Galactica dêr't Park sels har trochbraak oan tanke).

Park spile yn 2010 de haadrol fan Eva Kahn yn 'e minysearje Human Target. Datselde jiers waard se cast yn 'e fêste rol fan resjersjeur Kono Kalakaua yn 'e remake fan 'e plysjesearje Hawaii Five-0. Dy searje rint (ein 2015) noch altyd, al wie Park yn seizoen 4 mar in bytsje te sjen om't se yn ferwachting wie.

Park troude yn 2004 mei in Phil Kim. Hja krigen yn oktober 2013 in jonkje. Park hat in dûbele nasjonaliteit, en is sadwaande sawol Amerikaanse as Kanadese.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.