Springe nei ynhâld

Goudestein

Ut Wikipedy
Goudestein sjoen fan de Fecht ôf, Maarssen
Efterside Goudestein, op foargrûn oarlochsmonumint

Goudestein is, fan Utert ôf rekkene, ien fan de earste bûtenpleatsen oan de Fecht en it alde gemeentehûs fan Maarssen.

Yn 1608 kocht de Amsterdamske keapman Jan Jacobszoon Huydecoper De Gouden Hoeff. Syn soan, Johan Huydecoper, dy't bewynfierder wie fan de VOC, skepen en meardere kearen boargemaster fan Amsterdam wie, liet op it plak fan De Gouden Hoeff yn 1628 it bûtenhûs Goudestein bouwe. Joan Huydecoper fan Maarsseveen (junior) ferboude taksus en meloenen. Yn 1672 wist hy te foarkommen dat de Frânske troepen Goudestein plonderen. Jan van der Heyden skildere it hûs Goudestein oan de Fecht.

Joan Huydecoper (1698-1752), kocht yn 1717 it neistlizzende Silversteyn op en foege dat by Goudestein. Joan Huydecoper troude yn 1733 Sophia fan der Muelen, neidat syn earste frou ferstoarn wie. It âlde Goudestein waard ôfbrutsen en op 5 oktober 1754, twa jier nei de dea fan Joan Huydecoper, waard troch syn soan Willem Huydecoper de earste stien lein fan it nije Goudestein. Sophia fan der Muelen bleau 25 jier op Goudestein wenjen en liet yn har testamint fêstlizze dat allinnich it geslacht Huydecoper it bûten erve mocht.
Omtrint 1860 waard it hûs bewenne troch de tredde Joan Huydecoper (1821-1890) dy't teffens boargemaster fan Maarssen wie.

Yn 1955 besluet de gemeente Maarssen it hûs te keapjen. It waard yngreven ferboud en op 19 jannewaris 1961 yn gebrûk nomd as gemeentehûs fan Maarssen.

De Nederlânsk dichter, gelearde en komponist Constantijn Huygens hat by in besite oan de Huydecopers op Goudestein (21 augustus 1656), trije gedichten skreaun oer Goudestein.

AENDEN SELVEN
Nu weet ick ’t, Maersseveen, en ’tis licht om versinnen,
Waerom uw Goudestein van velen werdt bemint;
Twee lieve dinghen doen ’t, en diem’er altoos vindt,
De soete Vecht voor deur, de soete vocht van binnen.

Ek de dichter Jan Vos en de bewenner Balthazar Huydecoper hawwe gedichten oer Goudestein skreaun.

By it hûs stiet ek in koetshûs dat no brûkt wurdt as ûnderkommen foar twa musea: it Museum Maarssen en it Nederlânsk Drogisterij Museum. It park om Goudestein is frij tagonklik foar publyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]