Gouden Roas-synagoge (Lviv)

Ut Wikipedy
Gouden Roas
bouwurk
lokaasje
lân Oekraïne
oblast Lviv
plak Lviv
bysûnderheden
type bouwurk Synagoge
boujier 1581-1595
sloopjier 1941 of 1942
arsjitekt Paolo Italus

De Gouden Roas-synagoge (Oekraynsk: Золотая Роза), ek bekend ûnder de nammen Nachmanowicz-synagoge of Turey Zahav-synagoge (Hebriuwsk: בית הכנסת טורי זהב‎) wie in synagoge yn Lviv yn de Oekraïne. De Goude Roas-synagoge wie eartiids de âldste synagoge fan de Oekraïne. De Gouden Roas fan Lviv waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de nazy's ferneatige.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1581 mocht Yitzhak ben Nachman (alias Izak Nachmanowicz) in stik lân oankeapje om dêr ta neitins fan syn frou foar de joadske mienskip in synagoge op te bouwen. It doedestiidske stedsbestjoer woe wol fan dy grûn ôf, om't dêr earder it earste bordeel fan de stêd stean hie (stifte yn 1493) en nei't dat sletten waard hie gjin ien belangstelling om de grûn te keapjen. It beskikber stellen fan de lokaasje oan de joaden wie in subtile wize om de joadske mienskip te misledigjen.

De synagoge yn de jierren 1930

De Italjaanske arsjitekt Paolo Italus ("Paulus de Italjaan") boude op it plak de synagoge en joech it gebou de styl fan de renêssânse mei goatyske aksinten. Tsjin it ein fan de 16e iuw woene de jezuïten in kleaster yn Lviv bouwe en sochten dêrfoar it plak út dêr't de synagoge stie. Kening Sigismund III joech yn 1603 de grûn oan de Jezuïten en de rjochtbank liet beslach lizze op it gebou. De trochgong nei it gebou rûn lykwols oer it hiem fan Mordechai Nakhmanovitsj, dy't de jezuïeten de tagong oer syn besit ferbea. It waard in drege striid en lang om let krige de famylje Nachmanovitsj, nei't se in boarch fan 20.600 gûne betellen, de synagoge yn 1609 werom.

De synagoge bleau dêrnei iuwenlang it sintrum fan de joaden yn Lviv.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de synagoge lykas ek de joadske mienskip fan Lviv troch de Dútsers ferneatige. Yn 1941 (neffens oare boarnen yn 1942) waard it 16e iuwske monumint plondere en dêrnei opblaasd. Fan de synagoge bleau allinne de noardlike muorre oer. Yn de muorre is in plakette yn it Ingelsk, Hebriuwsk en Oekraynsk oanbrocht.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan de synagoge wie in rjochthoekige hal fan 11 by 9 meter en hie in goatysk ferwulft dat droegen waard troch renêssânse pylders. Trije muorren hiene twa spitbôgige finsters. De kalkstiennen aron hakodesj wie yn de styl fan de renêssânse en stie oan de eastlike muorre. Om't de synagoge net heger wurde mocht dan de wengebouwen dêromhinne wie de flier útdjippe.

Rekonstruksje ?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rekonstruksje fan de synagoge is hjoed-de-dei ûnderwerp fan diskusje. Neffens in artikel yn The Guardian woe de gemeente flak foar de organisaasje fan it Europeesk kampioenskip fuotbal 2012 de resten fan de synagoge slope, sadat der plak ûntstie foar in grut hotel. It plan soarge sawol yn Kiëv as ynternasjoneel foar nochal wat opskuor. De gemeente hat de plannen doe hastich wer fan tafel feegt.[1]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme "Turey Zahav" ferwiist nei it wurk oer religieuze wetten fan rabby David ben Samuel ha-Levi, dy't fan 1654-1667 oan de synagoge ferbûn wie. In 19e iuwske leginde wol ha dat it bestean fan de synagoge te tankjen is oan Rosa, de skoandochter fan Nachmovitsj. Hja joech har hiele fermogen út om de boarch te beteljen dy't easke waard om de synagoge werom te krijen. De biskop soe doe sein ha dat se it jild sels mar bringe moast. Rosa wie in kreas frommis en wist wat dat te betsjutten hie, mar gong dochs nei de biskop en offere har lichem op. Doe't se út de ramen fan it paleis fan de biskop de ljochten yn de synagoge baarnen seach, wist se dat har doel slagge wie en dêrnei makke se har fan kant.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: