Springe nei ynhâld

Gouden Nimf

Ut Wikipedy
Nymphe d'Or
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Monegaskysk
útrikt foar tillefyzje
útrikt troch Festival de Télévision de
   Monte-Carlo
frekwinsje 1x jiers
plak Monte-Carlo (Monako)
ynsteld 1961
1e útrikking 1961
offisjele webside
www.tvfestival.com

De Gouden Nimf (Frânsk: Nymphe d'Or) is de namme fan 'e prizen dy't ien kear yn it jier útrikt wurde oan 'e winners fan 'e Offisjele Wedstryd fan it Tillefyzjefestival fan Monte Carlo (Festival de Télévision de Monte-Carlo), yn Monte Carlo, yn Monako. De earste kear dat de Gouden Nimf útrikt waard, wie yn 1961, doe't prins Rainier III fan Monako it Tillefyzjefestival oprjochte om "in nije keunstfoarm oan te fiterjen, yn 'e tsjinst fan frede en ûnderling begryp tusken minsken". De útrikkingsseremoanje fan 'e Gouden Nimfen is it hichtepunt en de ein fan it Tillefyzjefestival fan Monte Carlo. Oan 'e Offisjele Wedstryd dogge elts jier tillefyzjeprogramma's út mear as 30 lannen fan oer de hiele wrâld mei.

De Gouden Nimf-trofeeën binne kopyen op lytse skaal fan it byldhouwurk La nymphe Salmacis, fan 'e Monegaskyske keunstner François Joseph Bosio, dy't "haadbyldhouwer" oan it Frânske hof wie ûnder kening Loadewyk XVIII. It orizjinele wurk makket diel út fan 'e kolleksje fan it Louvre, yn Parys.

Gewoane kategoryen

De Gouden Nimf wurdt útrikt yn fiif gewoane kategoryen en ien spesjalenien:

  • bêste tillefyzjesearje – drama en komeedzje
  • bêste minysearje
  • bêste tillefyzjefilm
  • bêste nijsprogramma
  • ynternasjonale tillefyzjepublykspriis
  • de Eare-Gouden Nimf (in spesjale gouden nimf dy't útrikt wurdt oan in foaroansteand yndividu út 'e tillefyzjewrâld foar syn of har bûtengewoane bydrage dêroan; net elts jier útrikt)


Spesjale kategoryen

Dêrnjonken binne der ek noch ferskate spesjale prizen dy't ûnder deselde seremoanje útrikt wurde:

  • de Parsepriis fan it Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krús (foar in dokumintêre dy't it bêste de begjinsels fan 'e ynternasjonale humanitêre wetjouwing werjout en in hjoeddeistich wapene konflikt beljochtet fanút it eachpunt fan 'e slachtoffere boargerbefolking)
  • de Priis fan it Monegaskyske Reade Krús (yn 1948 oprjochte troch prins Loadewyk II fan Monako, foar in minysearje of tillefyzjefilm dy't it bêste teminsten ien fan 'e sân fûnemintele prinsipes fan it Reade Krús toant: humaniteit, ûnpartijichheid, ûnôfhinklikheid, neutraliteit, goeddiedichheid, ienheid en universelens.)
  • de AMADE-Priis (útrikt troch de Association Mondiale des Amis de l'Enfance of Wrâldassosjaasje fan Bernefreonen, oan in tillefyzjeprogramma dat geweldleazens oanmoediget yn ferbân mei bernerjochten)
  • de Sulveren Do (priis fan 'e Katolike Wrâldassosjaasje for Kommunikaasje (SIGNIS), útrikt oan programma's dy't artistike en technyske talinten brûke om respekt, rjochtfeardichheid en kristlike wearden út te dragen)
  • de Spesjale Priis fan Prins Rainier III (oprjochte troch prins Albert II fan Monako ta oantins fan syn heit, prins Rainier III, foar de bêste nijsdokumintêre op it mêd fan miljeu en natoerbeskerming)
  • de Kristallen Nimf (oprjochte yn 2013 foar in tillefyzje-akteur of -aktrise dy't mei syn/har karriêre in treflike bydrage levere hat oan 'e tillefyzjewrâld; de earste winner wie Donald Sutherland)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.