Gouden Bal
De Gouden Bal is in reedriderspriis fan de "Nije Ljouwerter Iisklup".
Doe't de Ljouwerter iisklup (fan 1850) yn 1888 oan de Bleekerststrjitte yn Ljouwertin nije iisbaan krigen hie, waard yn 1889 de 'Nije Ljouwerter Iisklup' oprjochte. Dit waard dien om de tradysje fan hurdriden op de stedsgrêft fan Ljouwert yn eare te hâlden.
Yn it begjin organisearre de klup by sterk iis koartebaanwedstriden foar manlju, froulju, pearen en skoaljeugd en sels ien kear in wedstriid yn 'stadich riden'. Tsjintwurdich wurdt noch ien grutte frouljusriderij holden mei as ynset de Gouden Bal, in earepriis dy't yn 1949 by it 60-jierrich bestean ynsteld waard. De priis is neamd nei in learloaierij, dy't eartiids yn de bocht fan de Noardersingel stien hat op de hichte fan de Singelstrjitte. Letter kaam der in herberch foar yn it plak, dy't ek De Gouden Bal hjitte. De útspanning is yn 1876 ôfbrutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|