Gosse Ludigman

Ut Wikipedy

Gosse Ludigman (keazen 989 en stoarn yn 1000) soe de sechsde potestaat fan Fryslân west hawwe. Foar syn bestean binne gjin betroubere boarnen.

Neffens de kronyk De origine et Rebus gestis Dominorum de Brederode (Oer de oarsprong en de dieden fan de Hearen fan Brederode), skreaun troch de fyftjinde-iuwske karmelyt Johannes a Leydis, wenne Gosse yn Starum, en wie hy troud mei in Tetta. Fia syn dochter Thetburga soe hy ien fan de foarâlden wêze fan de Hearen fan Brederode. Hy libbe yn de tiid fan greve Arnoud, dy’t himsels greve fan Eastergoa en Westergoa neamde sûnder oait gesach útoefene te hawwen.