Springe nei ynhâld

Goaisleat

Ut Wikipedy

De Goaisleat is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De feart leit op polder It Eilân en is de ferbining tusken de Modderige Bol en de Sitebuorster Ie. De Goaisleat gie yn 2010 wer iepen foar rekreaasjefeart. De Tsjinst Lanlik gebiet hat yn de Goaisleat in kearslûs setten dy't winterdeis ticht giet. Hjirtroch stiicht it wetterpeil yn de Modderige Bol yn de winter net mei mei it peil yn de Friese boezem. Soks kin net, want hjir hawwe de boeren yn it gebiet ten suden fan dit wetter – it saneamde Swettegebiet – lêst fan.

De namme Goaisleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gooisloot.