Springe nei ynhâld

Glinstrastate (Dronryp)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Glinstra)
Pleatsen by Dronryp
Glinstra (2008)

Glins, Glinstra of It Blaauwhûs, wie in state east fan Dronryp, gemeente Menameradiel. Fan de state is neat werom te finen, op it stee stiet no in pleats.

It boujier fan de Glins is ûnbekend. Yn in proses tusken Oerck Abbas en Rioerd Roorda yn 1487 treedt “Douwa Glins” op as ien fan de sân “bysitters” (meirjochters). Op 22 juny 1515 is hy ien fan de 60 eallju dy't Karel V huldigje as lânhear fan Fryslân. Douwe is yn 1518 grytman oer Menameradiel. Hy wenne goed as wis op de state Glins, mar it soe ek wêze kinne dat er op Hobbemastate wenne hat.

Fan in oare Douwe fan Glins is bekend dat hy om syn “geuserye” de wyk nimme moast nei Emden en dat syn goed yn beslach nomd waard “bij ’t Conings Hof”. Dat wie tusken 1570 en 1580. Der wurdt troch sommige historisy oannomd dat hy nei de Reformaasje syn besittings werom krigen hat. As dit lykwols dyselde Douwe fan Glins is dy't berne is op Hobbemastate, dan is er om dy “geuserye” yn 1572 yn Grins “met de swaerde gericht” (ûnthalze). Mocglik hat de neiteam it besit weromkrigen, mar hysels hat dat yn dat gefal dúdlik net.

De Dronriper skoalmaster Raucoma skriuwt yn syn kronykje om 1700 dat “Majoor Glinstra” syn koken fergrutsje litten hat en ek de singel fergrutte hat en mei nije beammen beplantsje litten hat.

Wumkes skriuwt:

  • 17-10-1764: “Verkoop op het Blauwhuis te Dronrijp van iepen, abeelen, tuingereedschap en een groote schouw om paarden over de vaart te zetten.” (Ferkeap op it Blauhûs op Dronryp fan ipebeammen, abeeljes, túnark en in grutte skou om hynders oer de feart te setten.)
  • 09-03-1765: “De heerenhuizinge en paardestallinge Het Blaauwhuis te Dronrijp zal worden afgebroken.” (De hearehuzinge en hynstestâl Het Blaauwhuis op Dronryp sil ôfbrutsen wurde.)

Yn de “Tegenwoordige Staat” wurdt om 1775 skreaun: “Ruim een vierde uur gaans ten Oosten van Dronrijp lag voor deezen de State Glins, gemeenlyk ’t Blaauwhuis genoemd; deeze was ook nog voor weinig jaaren in bloei, doch is thans geheel vernietigd, behalven de poort en een gedeelte der plantagie”. (Goed in kertier geans east fan Dronryp lei foartiids de State Glins, ornaris 't Blaauwhuis neamd; dizze wie ek foar in pear jier noch yn bloei, jit notiids folslein ferdien, útsein de poarte en in part fan de planterij.)
Dêrnei berjochtet Wumkes by 13 maaie 1820: “Bij afbraak verkocht de poort van het gesloopte Blauwhuis onder Dronrijp”. (Op ôfbraak ferkoft de poarte fan it teslope Blauhûs ûnder Dronryp.)

  • ± 1570 Douwe fan Glins
  • ± 1700 majoar Fan Glinstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • “Kroniek van het hedendaagse Friesland” fan Dr. Wumkes
  • "Tegenwoordige staat van Friesland"
  • “Skiednis fan Menameradiel” redaksje Oepke Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972