Springe nei ynhâld

Gintsiaanblaujurkje

Ut Wikipedy
gintsiaanblaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai grutte blaujurkjes (Phengaris)
soarte
Phengaris alcon
Denis & Schiffermüller, 1775
IUCN-status: net bedrige

It gintsiaanblaujurkje (Phengaris alcon, syn. Maculinea alcon en Glaucopsyche alcon) is in flintersoarte út it skaai fan 'e grutte blaujurkjes (Phengaris) yn de famylje fan de reachwjukflinters (Lycaenidae). De namme wurdt ek stavere as gensiaanblaujurkje.[1]

It gintsiaanblaujurkje is yn Nederlân slim bedrige. De flinter stelt hege easken oan it libbensgebiet. Gintsiaanblaujurkjes libje op wiete heide en fochtige greiden. Se binne tige honkfêst. Om't út ûndersyk bliken die dat it gintsiaanblaujurkje hiel sterk efterút gien is, hat de Flinterstifting in beskermingsplan opsteld. Ta it behâld en ferbinen fan de libbensgebieten fan it gintsiaanblaujurkje wurde stikjes heidefljild plagge. Dit wurdt in pear kear yn it jier dien mei groepkes frijwiligers fan de Blauwe Brigaden. Der moat plagge wurde om't de flinters harren aaikes lizze op it skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe), dat ferlet hat fan iepen romte op de heide. Mar it moat mei de hân dien wurde om't oars ek de eamelnêsten fuorthelle wurde, dêr't de rûpen ferlet fan hawwe.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De wjuklingte is likernôch 17 mm. By de mantsjes is de boppekant fan de fleugels sûnder plakken. De wyfkes binne griisbrún mei ûndúdlike plakken en soms blauwe bestowings.

De flinter fleant fan ein juny oant begjin septimber, foaral 15 oant 30 july. It gintsiaanblaujurkje fleant altyd yn ien generaasje.

De flinter leit syn aaikes mar op ien plant en dat is it skieppeklokje. De rûp yt allinnich fan dy plant. Nei tsien dagen lit de rûp him op de grûn falle. Ien kear op de grûn wurde se fûn troch de rûchknoopeamels (Myrmica scabrinodis), de boskstékeamels (Myrmica ruginodis) of de reade stekeamels (Myrmica rubra), dy't de rûpen meinimme nei it nêst. De rûp jout de eamels swiete stof, dêrfoar fersoargje de eamels de rûp. As de rûp grut genôch is ferpopket de rûp him. As de flinter út de pop komt, moat er meitsje dat er fuort komt, oars pakke de eamels de flinter.

De rûp fret allinnich it skieppeklokje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De flinter is ferneamd nei de plant it skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe), in lid fan 'e plantefamylje Gentianaceae. Op 'e List fan Fryske Plantenammen fan D. Franke en D.T.E. van der Ploeg wurde de planten út dy famylje "gensiaan" neamd (s. 34). Yn it Frysk Hânwurdboek (FA), stiet "gensiaan" (s. 593) en gjin "gintsiaan", en yn it âldere Frysk Wurdboek (Frysk-Nederlânsk) stiet "gentiaan" (s. 331) en net ien fan beide oare foarmen. Yn oare publikaasjes, lykas Dagvlinders in Fryslân (Fryske Akademyrige 911) en Deiflinters en Libellen (fan Sake P. Roodbergen foar it Fryske Gea), wurdt it flinterke gintsiaanblaujurkje neamd.